Oerlis:Masoreten
Appearance
@Ieneach fan 'e Esk:. Hallo Esksma. Wikipedy hat ek Tiberias en Mar fan Tiberias. Jo skriuwe 'Tibearias' en dat is faaks Frysker. Sille wy dy siden omneame? Drewes (oerlis) 6 nov 2020, 19.31 (CET)
- @Drewes: Goeie. Ja, ik haw ris even sjoen hoe't de Hebriuwske en Arabyske nammen fan Tibearias eins útsprutsen wurde, en dan wurdt dúdlik dat 'Tiberias' in fernederlânsking fan 'e namme is. Dat ja, dan is it neffens my in goed ding as we fan dizze (net-offisjele Nederlânske) namme fan dit bûtenlânske plak in ferfrysking meitsje troch him oan te passen oan 'e Fryske stavering. Ik sil it wol eefkes oprêde. Goed dat jo dit even oanstipten, trouwens, want it wie by my lâns gien. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 nov 2020, 22.01 (CET)