Mar fan Tiberias

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Mar fan Tiberias
Lake Tiberias (Sea of Galilee), Northern Israel.jpg
Sifers
Maks. lingte 21 km
Maks. breedte 13 km
Oerflak 166 km²
Djiptegemiddelde 25.6
Djipste punt 43 m
Wetterfolume 4 km³

De Mar fan Tiberias (Hebrieusk: ים כנרת - Mar fan Kinneret), ek faak Mar fan Galilea of Mar fan Genezareth (of Gennesaret), is neamd nei de stêd Tiberias, it grutste plak oan de mar. De mar hat in oerflakte fan 165 km² en in maksimale djipte fan 46 meter. De hichte fan de wetterspegel hinget ôf fan de delslach yn eardere jierren, trochstrings sit de wetterspegel op de -212 meter.

De Mar fan Tiberias, it meast wichtige swietwetteropslach fan Israel, kriget syn wetter út Noard-Israel en Súd-Libanon. De mar wetteret ôf nei it suden op de rivier de Jordaan, dy't mûnet yn de Deade See, de meast leechlizzende mar fan de wrâld.

Bibel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut part fan it optreden fan Jezus fan Nazaret spilet him ôf by de Mar fan Galilea. Guon fan Jezus syn dissipelen wiene fiskers op de Mar fan Galilea. In oantal bekende Bibelferhalen, sa as dat Jezus op de see rint, spylje op en om de Mar fan Galilea.


.
.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]