Springe nei ynhâld

Taalfamylje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Supertaalfamylje)
In yndruk fan 'e fersprieding fan taalfamyljes oer de wrâld.

In taalfamylje is in kloft talen dy't mei-inoar besibbe binne om't se ûntstien binne út in mienskiplike foarâlderlike oertaal, dy't oantsjut wurdt mei it foarheaksel "proto-" (dus de oertaal fan 'e Keltyske talen is bgl. it Proto-Keltysk). De term "famylje" yn it wurd "taalfamylje" ferwiist nei it stambeammodel fan taaloarsprong yn 'e histoaryske taalkunde, dat gebrûk makket fan in metafoar wêrby't talen ferlike wurde mei minsken yn in biologyske famyljestambeam, of oars mei biste- of plantesoarten yn in taksonomyske stambeam dy't de evolúsjonêre skiednis fan dy soarten oanjout. By it tapassen fan sa'n systeem op talen ûntbrekt fansels de komponint fan biologyske ôfstamming, en taalbesibskip stiet dan ek folslein los fan 'e al of net besteande biologyske of rasiale sibskip tusken de sprekkers fan 'e oangeande talen.

Op grûn fan 'e ferlykjende taalkunde wurdt útmakke oft in beskate taal al of net diel útmakket fan in taalfamylje. Talen dy't binnen in taalfamylje op deselde hichte steane, wurde sustertalen neamd; de taal dêr't sokke talen út fuortkomme, hjit dan de memmetaal, dy't sels ek wer sustertalen hawwe kin, ensfh. It bewiis foar taalkundige sibskip leit yn waarnimbere mienskiplike skaaimerken dy't net feroarsake wurde troch kontakt mei buortalen of it oernimmen fan lienwurden.

Talen en taalfamyljes yn Jeropa.

Besibbe talen beskikke oer oerbliuwsels fan 'e mienskiplike oertaal dy't net ferklearre wurde kinne troch ûntliening of oare foarmen fan taalkontakt. Fierders kin oantoand wurde by hokker tûke fan in taalfamylje oft in taal heart troch mienskiplike ynnovaasjes dy't net foarkomme yn 'e oertaal of yn talen dy't ta oare tûken fan deselde taalfamylje hearre. Om in foarbyld te jaan: de Germaanske talen, dêr't it Frysk ta heart, binne "Germaansk" om't se fokabulêre en grammatikale skaaimerken gemien hawwe dy't net foarkamen yn 'e Proto-Yndo-Jeropeeske oertaal en dy't likemin foarkomme yn 'e oare tûken fan 'e Yndo-Jeropeeske talen, mar wêrfan't ynstee oannommen wurdt dat se har ûntjûn hawwe yn it Proto-Germaansk, de oertaal fan alle Germaanske talen.

Hjoed de dei binne der 5.000 oant 8.000 libbene talen op 'e wrâld (ôfhinklik fan wêr't men de grins lûkt tusken taal en dialekt). Dêrnjonken binne der noch hûnderten, miskien wol tûzenen útstoarne talen. As men derfan útgiet dat de minske as soarte op ien plak ûntstien is, moatte al dy talen logyskerwize weromgean op ien oarspronklike oertaal. Mar talen binne libbene dingen, dy't oanhâldend oan it feroarjen binne, en yn it ferline nei alle gedachten noch folle mear as no, mei't it ferskynsel skreaune taal as in rem op dy feroaring wurket.

Sadwaande is it faak tige dreech om noch oerienkomsten tusken talen te finen dy't hiel, hiel yn 'e fierte mooglik mei-inoar besibbe binne. Yn it ferline waarden sadwaande de Keltyske talen earst net ta de Yndo-Jeropeeske talen rekkene, oant der dochs besibskip ûntdutsen waard. Tsjintwurdich is de taalkunde op it mêd fan it gearstallen fan taalfamyljes hast safier kommen as dat mooglik is, en bejouwe taalwittenskippers har hieltyd faker op it tinne iis fan teoretyske taalbesibskip.

Yndieling fan talen yn taalfamyljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Supertaalfamyljes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan 'e meast foaroansteande en ek ien fan 'e kontroversjeelste taalkundigen fan 'e tweintichste iuw wie de Amerikaan Joseph Greenberg, dy't oerienkomsten seach op plakken dêr't oaren dy net seagen. Ek oare taalkundigen, lykas Edward Sapir, hawwe de lêste iuw op dy manear oan 'e gong west. Dêrmei is in ramtwurk fan supertaalfamyljes skepen dat yn grutte linen in universele yndieling fan talen werjout, ek al is it net algemien akseptearre of hielendal sekuer. Hjirûnder in oersjoch, op folchoarder fan sprekkersoantal.

taalfamylje tal talen tal sprekkers foarbylden fan talen
de Yndo-Jeropeeske talen ±440 talen ± 3 miljard spr. Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Portegeesk, Russysk, Dútsk, Italjaansk, Nederlânsk, Frysk, Gryksk, Armeensk, Perzysk, Koerdysk, Pataansk,
Hindy, Pûndjaby, Oerdû, Maratysk, Bingaleesk, Singaleesk, Nepaleesk, Latyn †, Hettitysk †, mooglik Filistynsk
de Sino-Tibetaanske talen ±400 talen 1,3 miljard spr. Mandarynsk, Kantoneesk, Birmeesk, Tibetaansk
de Niger-Kongoleeske talen
(foarhinne de Niger-Kordofaanske talen)
>1.500 talen 600 miljoen spr. Swahily, Jorûba (Yoruba), Ibo, Fûlany, Kikûjû (Kikiyu), Sjona (Shona), Sûlû (Zulu), Kosa (Xhosa)
de Austronezyske talen <1.300 talen 390 miljoen spr. Yndonezysk, Maleisk, Javaansk, Filipynsk, Sebûaansk, Balineesk, Malagassysk, Maoary (Maori), Hawajaansk
de Afro-Aziatyske talen ±300 talen >350 miljoen spr. Arabysk, Hebriuwsk, Amhaarsk, Somalysk, Malteesk, Berbertalen, Egyptysk †, Akkadysk
de Altayske talen 66 talen ±350 miljoen Turksk, Azerbeidzjaansk, Kazachsk, Turkmeensk, Kirgizysk, Oezbeeksk, Oeigoersk, Mongoalsk, Jakoetysk, Ewinkysk
de Dravidyske talen 73 talen ±225 miljoen spr. Tamylsk, Telûgû, Kanareesk, Malayalam
de Japanske talen 7 talen 127 miljoen spr. Japansk, Okinawaansk
de Tai-Kadai-talen ±95 talen 100 miljoen spr. Taisk, Laotiaansk, Sjan (Shan), Sjûang (Zhuang)
de Austro-Aziatyske talen ±170 talen 80 miljoen spr. Fjetnameesk, Kmer (Khmer), Mon
de Koreaanske talen 2 talen 77 miljoen spr. Koreaansk, Djedjûaansk
de Nilo-Saharaanske talen ±205 talen 50 miljoen spr. Lûo (Luo), Songhai, Dinka, Kanoery (Kanuri), Masaï (Maasai)
de Ameryndyske talen ±1.000 talen ±26 miljoen spr. Ketsjûa (Quechua), Aymara, Azteeksk, Sjeroky (Cherokee), Sjajinsk (Cheyenne), (Sioux), Odjibwe (Ojibwe), Kry (Cree)
de Oeralysk-Jûkagierske talen 41 talen 25 miljoen spr. Finsk, Estysk, Hongaarsk, Oedmoertysk, Mary, Komy
de Yndo-Pasifyske talen ±1.100 talen ±10 miljoen spr. Westlik Dary, Ekary, Enga, Hûly (Huli), Melpa, Eastlik Torresstrjitte-eilânsk

de Hmong-Miën-talen 17 talen 8,3 miljoen spr. Hmong-talen, Miën-talen
de Noardkaukazyske talen 38 talen 5,9 miljoen spr. Tsjetsjeensk, Sirkassysk, Abgazysk, Yngûsjetysk, Avaarsk
de Súdkaukazyske talen 4 of 5 talen 5,2 miljoen spr. Georgysk, Mingrelysk
de Koisan-talen 20-40 talen ±300.000 spr. Sandawe, Nama, Hadza, Taa
de Dené-Jenisejaanske talen 52 talen ±205.000 spr. Navaho, Apache-talen, Tlingit, Haida, Sarsy (Sarcee), Kettysk
de Eskimo-Aleoetyske talen ±13 talen ±120.000 spr. Grienlânsk, Inûktitût (Inuktitut), Inûvialûktûn (Inuvialuktun), Inûpiat (Iñupiat), Middenalaskaansk Jûpik (Central Alaskan Yup'ik), Aleoetysk
de Australyske talen ±230 talen 52.000 spr. Tiwy, Warlpiry, Mabûjak (Mabuyag), Westwoastynsk (Western Desert)
de Tsjûkotko-Kamtsjatkaanske talen 5 talen 8.000 spr. Tsjûktsjysk, Korjaaksk
de Tyrreenske talen 3-7 talen útstoarn Etruskysk †, Retysk †, Lemnioatysk
de Hoerritysk-Oerarteeske talen 2-3 talen útstoarn Hoerritysk †, Oerarteesk †, mooglik Kassitysk

Sekuerdere yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder in list fan alle taalfamyljes (d.w.s., allinne de grutste ferbannen werjûn).

Talen en taalfamyljes yn Afrika.
Talen en taalfamyljes yn Noard-Amearika.

Isolearre talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de taalfamyljes binne der dan noch de isolearre talen. Dat binne talen wêrfan't (oant no ta) gjin besibskip mei oare talen oantoand is. De bekendste isolearre taal, en de iennichste yn Jeropa, is it Baskysk, mar ek it Ainû fan noardlik Japan is der ien, krekt as it Taraskysk fan Meksiko en it Boerûsjasky út 'e Pakistaanske Himalaya. Ek ferskate útstoarne, mar goed dokumintearre talen út 'e Aldheid fan it Midden-Easten wurde as isolearre beskôge: it Elamitysk, it Sûmearysk en it Hattysk. Yn totaal binne der sa'n 74 isolearre talen; dêrby wurdt lykwols gjin rekken holden mei de boppesteande, net algemien akseptearre taalfamyljes, dêr't behalven lytsere taalkloften ek in flink tal talen yn opnommen binne dy't oars as isolearre beskôge wurde. De isolearre talen binne sa oer de wrâld ferdield: yn Midden- en Súd-Amearika 28; op Nij-Guineä 15; yn Noard-Amearika 14; yn Aazje 8; yn Austraalje 5; yn Afrika 3; en yn Jeropa 1.

Net-klassifisearre talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oar soarte fan talen dat net ta taalfamyljes heart, wurdt foarme troch de net-klassifisearre talen. Dat binne talen dy't men, sa't de namme al seit, (noch) net ûnderbringe kinnen hat yn in taalfamylje. Fan sokke talen binne der op 'e hiele wrâld sa'n 47. De reden foar dit brekme oan yndieling is yn 'e regel dat se útstoarn binne sûnder genôch skreaun materiaal nei te litten dat klassifikaasje mooglik makket. Dat is bgl. it gefal mei it Ibearysk, dat yn 'e pre-Romeinske tiid op it Ibearysk Skiereilân sprutsen waard, en mei it Piktysk, dat oant yn 'e Midsiuwen yn Skotlân sprutsen waard. Foar it Ibearysk tinkt men oan in relaasje mei de Berbertalen fan Noard-Afrika, en oangeande it Piktysk liket in Keltyske oarsprong foar de hân te lizzen, mar soks falt net te bewizen mei de ynformaasje dy't op it stuit beskikber is.

In oare reden dat in taal noch net klassifisearre is, kin wêze om't der gjin kontakt mei de sprekkers bestiet. Dat is bgl. sa yn it gefal fan it Sentineleesk, de taal dy't sprutsen wurdt troch de lânseigen stamme op it eilantsje Sentinel, dat diel útmakket fan 'e Andamanen, in Yndiaaske arsjipel yn 'e Golf fan Bingalen. Mei dy stamme is troch de Westerske wrâld noch altyd gjin kontakt lein, en it regear fan Yndia hat it eilantsje útroppen ta in reservaat, dêr't net ien komme mei.

Mingtalen en kreoalske talen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta einbeslút binne der dan noch de mingtalen en de kreoalske talen, dy't har ek min yndiele litte yn taalfamyljes. De reden dêrfoar is dat sokke talen ûntstien binne troch ûnderskate grûntalen (dy't faak fan hiel ferskillende taalfamyljes binne) trochinoar te mjuksjen. De likenissen dy't sokke talen mei de grûntalen fertoane, berêst dus net op besibskip, mar op ûntliening. Sadwaande wurde mingtalen en kreoalske talen ornaris yn har eigen kategoryen pleatst, dy't los steane fan taalkundige taalfamyljes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, D., The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 978-0 14 05 14 162.
  • Ruhlen, M., A Guide to the World's Languages, Volume One: Classification, Londen, 1987.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.