Springe nei ynhâld

Oeralysk-Jûkagierske talen

Ut Wikipedy
De Oeralysk-Jûkagierske talen

De Oeralysk-Jûkagierske talen foarmje in taalfamylje dy't bestiet út 41 talen, mei yn totaal om-ende-by 25 miljoen sprekkers. De famylje omfiemet û.o. it Hongaarsk, Finsk, Estysk, de Samyske (of Lapske) talen, en de Samojeedske talen út it westen fan Sibearje, dy't mei-inoar de Oeralyske talen foarmje. Dêr wurde de Jûkagierske talen út eastlik Sibearje ta rekkene, dy't op it rântsje fan it útstjerren balansearje.