Springe nei ynhâld

Rimûsj

Ut Wikipedy
Rimûsj
aadlik persoan en/of hearsker
In detail fan in bôgesjitter op in oerwinnings- stêle fan Rimûsj. De klean wize op in heech- pleatst persoan, mooglik Rimûsj sels.
In detail fan in bôgesjitter op in oerwinnings-
stêle fan Rimûsj. De klean wize op in heech-
pleatst persoan, mooglik Rimûsj sels.
echte namme 𒌷𒈬𒍑, Rīmuš
nasjonaliteit Akkadysk
bertedatum ûnbekend
berteplak Akkad?
stjerdatum 2270 f.Kr.
stjerplak Akkad
dynasty Hûs fan Sargon
etnisiteit Akkadysk
kening fan Akkad
kening fan Sûmearje
regear 2279 f.Kr.2270 f.Kr.
foargonger Sargon
opfolger Manisjtûsjû
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Rimûsj (Akkadysk: 𒌷𒈬𒍑, Rīmuš; ? – 2270 f.Kr.) wie de twadde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't regearre yn 'e earste helte fan 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr. Hy wie de soan fan Sargon fan Akkad. Hy sloech nei de dea fan syn heit opstannen del en wreide it ryk fierder út. Rimûsj kaam oan syn ein doe't er fermoarde waard by in gearspanning yn syn eigen hofhâlding.

Komôf en regear

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rimûsj wie de soan fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk, en dy syn oarehelte, keninginne Tasjlûltûm. Wannear't er krekt berne waard, is ûndúdlik, mar it moat nei alle gedachten foàr 2300 f.Kr. west hawwe. Hy hie teminsten trije bruorren, Manisjtûsjû, Sjû-Enlil en Ilaba'is-takal, en teminsten ien suster, de preesteresse en dichteresse Enhedûanna. Neffens de Sûmearyske Keningslist regearre Rimûsj njoggen jier, hoewol't ôfwikende kopyen fan deselde tekst sân of fyftjin jier oanjouwe. Der is mar ien jiernamme út syn regear oerlevere: "it jier dat Adab ferwoastge waard".

Opstannen tsjin 'e Akkadyske oerhearsking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rimûsj kaam oan 'e macht yn 2279 f.Kr. (of oars yn 2284 f.Kr.), doe't syn heit Sargon stoar. Neffens de ynskripsjes dy't út dy tiid oerlevere binne, brieken der nei de dea fan Sargon rûnom opstannen út yn it Akkadyske Ryk, benammen yn Sûmearje. Dêr seagen ferskate ensi's (gûverneurs), lykas Meskigal fan Adab en Lûgalgalzû fan Zabala, harren kâns skoan om it Akkadyske jok ôf te smiten. Behalven Adab en Zabala moast Rimûsj ek de stêden Oer, Oemma, Lagasj, Der, Kazallû en (it fierders ûnbekende) 'Ki.An' weroverje, wat mank gie mei grutskalige slachtpartijen en it ta slaaf meitsjen fan grutte parten fan 'e boargerbefolking.

Neffens de sekuer byholden tellings soene dêrby oan 'e kant fan 'e opstannelingen yn totaal mear as 56.000 minsken by omkommen wêze, wylst nochris goed 29.000 minsken ta slaaf makke en 26.000 "ferballe en ferdylge" waarden. Yn totaal kaam dat del op mear as 111.000 minsken, wat in astronomysk heech oantal wie foar dy tiid.

In kriichsfinzene fan it Akkadyske Ryk: neaken, boeid en meiskuord mei in heak troch de noas. De hierstyl en klean lykje op in ynwenner fan Parachsjûm te wizen.
Sûmearyske slachtoffers fan 'e fjildtochten fan Rimûsj
ferwoastge stêden deade kriichsfinzen en
ta slaaf makke
"ferballe en
ferdylge"
totaal
Adab en Zabala 15.718 14.576 30.294
Oemma en 'Ki.An' 8.900 3.540 5.600 18.040
Oer en Lagasj 8.049 5.460 5.985 19.494
Kazallû 12.052 5.862 17.914
3 fjildslaggen yn Sûmearje 11.322 14.100 25.422
totaal 56.041 29.438 25.685 111.164

Fjildtochten nei it easten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rimûsj behelle ek oerwinnings yn 'e striid tsjin Elam (yn wat no súdwestlik Iraan is) en it noardlik dêrfan leine Parachsjûm (Akkadysk: Paraḫšum; Sûmearysk: Marhaši). Neffens it Akkadyske ferslach fan 'e fjildtocht namen dêr oan 'e kant fan 'e fijân ek troepen út Melûha oan diel, dat ta de Yndusbeskaving hearde. Rimûsj fersloech Abalgamasj, de kening fan Parachsjûm, en naam Emachsini, de kening fan Elam, en al dy syn eallju kriichsfinzen.

Itselde lot trof Sidaga’û, de legeroerste fan Parachsjûm en Sargapi, de legeroerste fan Zahara, by in fjildslach tusken de stêden Awan en Sûsa yn, oan 'e igge fan 'e "Middenrivier". Yn totaal deaden Rimûsj en syn leger 16.212 man fan 'e fijân en namen se 4.216 lju kriichsfinzen. Neitiid waard Elam regearre troch Akkadyske militêre gûverneurs.

Dea en opfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Bārûtu, in boarne út it earste milennium (dus fan mear as tûzen jier letter) wurdt sydlings fermelden dat Rimûsj fermoarde waard by in gearspanning fan leden fan syn eigen hôfhâlding. De folsleine tekst dêroer is: "Foarteken fan kening Rimûsj, dy't troch syn hôvelingen deade waard mei harren segels." Dat soe bard wêze yn 2270 f.Kr. Rimûsj waard opfolge troch syn broer Manisjtûsjû.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.