Manisjtûsjû
Manisjtûsjû | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In skansearre stânbyld fan Manisjtûsjû (no yn it Louvre). De ynskripsje op 'e mantel is yn it Elamitysk en waard oanbrocht yn 'e 12e iuw f.Kr. Der stiet dat it byld doe út Akkad wei nei Sûsa oerbrocht waard troch kening Sjûtrûk-Nachûnte. | ||
echte namme | 𒈠𒀭𒅖𒌅𒋢, Maništušu | |
nasjonaliteit | Akkadysk | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Akkad? | |
stjerdatum | 2255 f.Kr. | |
stjerplak | Akkad | |
dynasty | Hûs fan Sargon | |
etnisiteit | Akkadysk | |
kening fan Akkad kening fan Sûmearje | ||
regear | 2270 f.Kr. – 2255 f.Kr. (M.G.) | |
foargonger | Rimûsj | |
opfolger | Naram-Sin |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.
Manisjtûsjû (Akkadysk: 𒈠𒀭𒅖𒌅𒋢, Maništušu; ? – 2255 f.Kr.) wie de trêde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't regearre yn 'e earste helte fan 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr. Hy wie de soan fan Sargon fan Akkad en de opfolger fan syn broer Rimûsj. Hy wreide it ryk fierder út. Krekt as Rimûsj foar him kaam er oan syn ein doe't er fermoarde waard troch in gearspanning yn syn eigen hofhâlding.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Manisjtûsjû wie de soan fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk, en dy syn oarehelte, keninginne Tasjlûltûm. Wannear't er krekt berne waard, is ûndúdlik, mar mooglik wie dat noch foàr 2300 f.Kr. Hy hie teminsten trije bruorren: Rimûsj, dy't foàr him kening wie, en fierders Sjû-Enlil en Ilaba'is-takal. Ek hied er teminsten ien suster, de preesteresse en dichteresse Enhedûanna.
Regear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Manisjtûsjû folge syn broer Rimûsj yn of omtrint 2270 f.Kr. op, nei't dy wierskynlik om it libben kommen wie by in gearspanning troch guon hôvelingen. Mei't Rimûsj alle opstannen yn it Akkadyske Ryk delslein hie dy't nei de dea fan harren heit, Sargon fan Akkad, yn 2279 f.Kr. of 2284 f.Kr. útbrutsen wiene, hie Manisjtûsjû de hannen frij om it ryk fierder út te wreidzjen. Hy joech dêrta lieding oan ferskate fjildtochten nei fiere lannen.
Neffens in passaazje út ien fan syn ynskripsjes stie Manisjtûsjû oan it haad fan in Akkadyske float dy't de Perzyske Golf delsylde om in seeslach oan te gean mei in koälysje fan 32 keningen út wat no de Feriene Arabyske Emiraten en Omaan binne. Hy fersloech harren en plondere dêrnei de stêden en sulverminen yn dy kontreien. Fierders stjoerde er in float de rivier de Tigris del dy't hannel dreau mei 37 oare lannen.
Manisjtûsjû ferovere de stêd Sjirasûm yn Elam en stelde oer dat lân de Akkaadjer Esjpûm as militêre gûverneur oan, wylst er Pasjime, oan 'e kust fan 'e Perzyske Golf, ûnder it bewâld brocht fan 'e Akkadyske gûverneur Ilsjû-rabi. Tichter by hûs boude er om 2260 f.Kr. hinne de ferwoastge timpel fan 'e goadinne Inanna yn Ninevee wer op.
Dea en opfolging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omtrint 2255 f.Kr. waard Manisjtûsjû fermoarde by in gearspanning binnen syn eigen hôfhâlding, krekt sa't syn broer Rimûsj earder oerkommen wie. Hy waard as hearsker oer it Akkadyske Ryk opfolge troch syn soan Naram-Sin.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |