Enhedûanna

Ut Wikipedy
Enhedûanna
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Akkadysk
berne 2285 f.Kr.
berteplak Akkad
stoarn 2250 f.Kr.
stjerplak Oer
etnisiteit Akkadysk
wurk
taal Akkadysk
sjenre hymnen, gebedens
perioade Iere Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Nin-Me-Sar-Ra
de Timpelhymnen
N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.

Enhedûanna (Akkadysk: 𒂗𒃶𒁺𒀭𒈾; Akkad, 2285 f.Kr.Oer, 2250 f.Kr.) wie in Sûmearysk preesteresse en dichteresse yn it Mesopotaamje fan it trêde milennium f.Kr. Har namme, dy't ek wol transliterearre wurdt as Enhedûana, En-hedû-ana of EnHedûAnna, betsjut "hegepreesteresse" (en) "sieraad" (hedû) fan 'e god Anû" (anna). Hja wie mooglik de ierste skriuwer út 'e hiele minsklike skiednis fan wa't de namme oerlevere is en boppedat ien fan 'e earste froulju út 'e skiednis fan wa't de namme bekend is.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enhedûanna waard yn 2285 f.Kr. of dêromtrint berne as de dochter fan kening Sargon fan Akkad. Har mem wie wierskynlik keninginne Tasjlûltûm. Har heit, dy't oer in grut part fan Mesopotaamje regearre, beneamde har ta hegepreesteresse fan 'e moannegod Nanna yn 'e Sûmearyske stêd Oer. Dat wie in snoade politike set om 'e macht fan it Hûs fan Akkad yn it Sûmearyske suden te konsolidearjen. Enhedûanna wie de ierst bekende froulike hegepreester, al soene nei har in hiele rige keningsdochters dy posysje beklaaie, dy't net inkeld yn religieus, mar ek yn polityk opsjoch fan grut belang wie.

Nei it ferstjerren fan har heit behold Enhedûanna har hege post ûnder it regear fan har broer (of healbroer) Rimûsj. Yn dy snuorje rekke hja behelle by de iene of oare politike opskuor, mei as gefolch dat hja ôfset en ferballe waard. Nei ferrin fan tiid kaam se lykwols út ballingskip werom en waard se op 'e nij beneamd ta hegepreesteresse. Yn har wurk Nin-Me-Sar-Ra lei se dy autobiografyske rige foarfallen fêst.

Enhedûanna is ien fan earste froulju út 'e minsklike skiednis fan wa't de namme oerlevere is. De reden dêrfoar wie net har hege maatskiplike status, mar it feit dat hja njonken har preesterskip ek wurksum wie as dichteresse. Oars as dat yn har tiid wenst wie, foege hja har namme ta oan har wurken. Sadwaande wurdt hja troch letterkundigen en histoarisy beskôge as mooglik de ierst by namme bekende skriuwer en dichter.

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enhedûanna liet in oeuvre fan literêre wurken nei dy't sûnder mis fan har hân binne, mei dêrûnder in stikmannich persoanlike gebedens en in samling hymnen dy't bekendsteane as de Timpelhymnen, dy't troch moderne saakkundigen beskôge wurde as in alderearste besykjen om ta in systematyske teology te kommen. Guon wittenskippers, lykas William W. Hallo en J.J.A. van Dijk, binne fan betinken dat fierders noch beskate oare teksten dêr't har namme net oan ferbûn is, ek oan Enhedûanna taskreaun wurde kinne.

Nei har ferstjerren, om 2250 f.Kr. hinne, bleau Enhedûanna yn Mesopotaamje noch iuwenlang yn oantins as in wichtich histoarysk figuer. Skiedkundigen achtsje it mooglik dat se sels in healgodlike status taparte krige. Dat hja wier bestien hat, wurdt troch nimmen bekreaud, mei't se bekend is út sawol archeologyske as skreaune boarnen. Twa segels mei har namme derop, dy't yn it besit west hawwe moatte fan har tsjinners, binne fûn by opgravings op it Keninklik Begraafplak te Oer, en kinne datearre wurde yn it Sargoanyske Tiidrek. Yn 'e Giparu yn Oer, de residinsje fan 'e hegepreesteressen, waard fierders in albasterne skiif mei har namme en ôfbylding opgroeven. Kopyen fan Enhedûanna har literêre wurken waarden yn Nippoer, Oer en mooglik ek yn Lagasj bewarre fuort njonken keninklike ynskripsjes, wat oanjout dat har wurk heech yn achtinge stie.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Enhedûanna binne 42 hymnen oerlevere dy't rekonstruëarre binne fan 37 stientabletten út Oer en Nippoer. Foar it meastepart binne dat lettere kopyen, dy't datearre wurde kinne yn 'e perioade fan 'e Trêde Dynasty fan Oer en yn it Aldbabyloanyske Tiidrek. Dizze samling stiet yn 'e regel bekend as de Sûmearyske Timpelhymnen. Net allinnich wie Enhedûanna de ierst bekende froulike skriuwer en de earste skriuwer dy't syn wurk ûndertekene, mar hja wie ek de grûnlizzer fan in hiel nij sjenre, mei't sokke hymnen yn har tiid noch nea makke wiene. Enhedûanna seit sels yn har wurk dan ek: "Myn kening, der is wat makke dat nimmen noch makke hie."

Har oare ferneamde wurk is Nin-Me-Sar-Ra, in persoanlik gebed fan 153 regels oan 'e goadinne Inanna, wêrfan't de titel oerset wurde kin as De Ferhearliking fan Inanna. Dêryn lei Enhedûanna net inkeld har persoanlike tinzen fêst, mar teffens de histoaryske foarfallen oangeande har fal, ferballing en triomfantlike weromkear yn Oer. Trije oare wurken kinne mei wissichheid oan Enhedûanna taskreaun wurde: de In-Nin Sa-Gur-Ra, in ûnfolslein gebed fan 274 regels dat yn 1976 troch A.W. Sjoberg rekonstruëarre is út 29 oerlevere fragminten; In-Nin Me-Hus-A ("Inanna en Ebih"); en de Hymne oan Nanna.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.