Tasjlûltûm

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Tasjlûltûm
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Akkadysk
bertedatum 24e iuw f.Kr.
berteplak ûnbekend
stjerdatum 23e iuw f.Kr.
stjerplak Akkad?
dynasty Hûs fan Sargon (oantroud)
etnisiteit Akkadysk
keninginne-gemalinne fan Akkad
keninginne-gemalinne fan Sûmearje
amtsperioade 23?? f.Kr. – 2279 f.Kr.

Tasjlûltûm (sekuere transliteraasje: Tašlultum) wie de frou fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk. Hja waard nei alle gedachten berne yn 'e twadde helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr. en stoar earne yn 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr.

Har namme is yn 'e argeology bekend fan ien inkele potdiggel fan in alabasterne faas of skaal. Dat artefakt wie foarsjoen fan in ynskripsje dêr't út opmakke wurde koe dat it troch de hôfmaster fan Tasjlûltûm, de oarehelte fan kening Sargon, skonken wie oan in timpel.

Op basis fan dy ynformaasje, en om't der neat bekend is dat soks tsjinsprekt, geane argeologen en histoarisy der ornaris fan út dat Tasjlûltûm keninginne fan it Akkadyske Ryk wie, en dat hja de mem wie fan Sargon syn bern Rimûsj, Manisjtûsjû, Enhedûanna, Sjû-Enlil en Ilaba'is-takal.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.