Naram-Sin fan Akkad
Naram-Sin | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In ôfbylding fan Naram-Sin op syn oerwinningsstêle. | ||
echte namme | 𒀭𒈾𒊏𒄠𒀭𒂗𒍪, Naram-Sīn | |
nasjonaliteit | Akkadysk | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Akkad? | |
stjerdatum | 2218 f.Kr. | |
stjerplak | Akkad? | |
dynasty | Hûs fan Sargon | |
etnisiteit | Akkadysk | |
kening en god fan Akkad kening fan Sûmearje | ||
regear | 2254 f.Kr. – 2218 f.Kr. (M.G.) | |
foargonger | Manisjtûsjû | |
opfolger | Sjar-Kali-Sjarri |
- N.B.: foar alle jiertallen yn dit artikel is gebrûk makke fan 'e Middellange Gronology.
Naram-Sin (Akkadysk: 𒀭𒈾𒊏𒄠𒀭𒂗𒍪, sekuere transliteraasje: Naram-Sīn; betsjutting: "Beminde fan [de moannegod] Sīn"; Akkad?, 23e iuw f.Kr. – dêre?, 2218 f.Kr.) wie de fjirde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't 36 jier lang regearre, fan 2254 f.Kr. oant 2218 f.Kr. Hy wie de pakesizzer fan Sargon fan Akkad, de stifter fan it ryk. Under syn bewâld berikte it Akkadyske Ryk syn grutste omfang. Naram-Sin wie fierders de ierst bekende Mesopotamyske hearsker dy't himsels profilearre as god, en de titel 'god fan Akkad' oannaam.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Komôf
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naram-Sin waard nei alle gedachten earne yn 'e earste helte fan 'e trijeëntweintichste iuw f.Kr. berne. Hy wie in soan fan kening Manisjtûsjû fan Akkad, en dêrmei in omkesizzer fan kening Rimûsj, in muoikesizzer fan 'e hegepreesteresse Enhedûanna en in bernsbern fan kening Sargon en dy syn keninginne Tasjlûltûm.
Oerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naram-Sin kaam yn 2254 f.Kr. op 'e troan fan it Akkadyske Ryk, nei't syn heit Manisjtûsjû omkommen wie by in gearspanning fan syn eigen hôvelingen. Under him wreide it Akkadyske Ryk him út ta syn grutste omfang, nei de kust fan 'e Middellânske See en nei Armeenje. Naram-Sin berikte dat mei de ferovering fan it Earste Eblaïtyske Keninkryk fan Ebla, yn Syrje, en ek mei de bemastering fan Armanum, wêrfan't de lokaasje mank argeologen noch altyd ûnderwerp fan debat is. Om Syrje better yn 'e macht hâlde te kinnen, liet Naram-Sin in keninklike residinsje bouwe te Tell Brak, yn 'e delling fan 'e rivier de Chaboer.
Op in ûnbeskaat stuit ûnder it regear Naram-Sin moat in grut part fan Sûmearje tsjin 'e Akkadyske oerhearsking yn opstân kommen wêze ûnder lieding fan Ipoer-Kis, de gûverneur fan Kisj. Naram-Sin wist de rebûlje del te slaan mei de help fan trouwe fazallen as Lûgal-ûsjûmgal fan Lagasj en Meskigal fan Adab.
Fierders fierde Naram-Sin oarloch tsjin Magan (yn wat no Omaan is) en makke persoanlik Mandannû, de kening fan dat lân, kriichsfinzen, dy't tsjin him yn opstân kommen wie. Hettityske boarnen wolle fierders hawwe dat Naram-Sin ek djip yn Anatoalje oarloch fierde, tsjin 'e Hettityske, Hoerrityske en Hattyske keningen Zipani fan Kanesj, Pamba fan Hatty en fyftjin oaren.
Bedriging út it easten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste bedriging foar it Akkadyske Ryk kaam yn 'e tiid fan Naram-Sin lykwols fan guon barbaarske stammen út it noardlike Sagrosberchtme: de Lûllûbjers en de Gûtjers. In fjildtocht tsjin 'e Lûllûbjers einige mei de oerwinning oer de Lûllûbyske haadman Satûni, wat fêstlein waard op 'e Oerwinningsstêle fan Naram-Sin, dy't tsjintwurdich yn it Louvre yn Parys te sjen is. Mei de Gûtjers hie it Akkadyske Ryk lykwols folle mear te stellen.
Elam, yn wat no it súdwesten fan Iraan is, wie yn 'e tiid fan Naram-Sin syn pake Sargon alteast tydlik in Akkadyske fazalsteat wurden. It tinken is lykwols dat de Elamiten har nea alhiel ûnder de útlânske oerhearsking deljûn hiene. Naram-Sin sleat in fredesferdrach mei de Elamityske kening Chita, nei gedachten om frede oan syn súdeastgrins te krijen, sadat er effektiver fanwegen komme koe tsjin 'e bedriging fan it Akkadyske Ryk troch de Gûtjers.
De resultaten fan yngeand ûndersyk fan 'e oerlevere tekst fan it ferdrach lykje derop te wizen dat Chita syn dochter oan Naram-Sin úthylke, Elamityske troepen stjoerde om Naram-Sin by te stean en sels tastie dat Naram-Sin yn timpels yn 'e Elamityske haadstêd Sûsa stânbylden fan himsels oprjochte. De Akkadyske ynfloed oer Elam gie sels safier dat it Elamitysk yn dy tiid yn offisjele dokuminten as skriuwtaal ferfongen waard troch it Akkadysk. Undersyk nei de nammen fan hege Elamityske amtners út 'e regearperioade fan Chita wiist derop dat de boppelaach fan 'e amtnerij fan Elam yn dy tiid fierhinne út etnyske Akkaadjers bestie.
Jiernammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Sûmearyske Keningslist soe Naram-Sin 56 jier regearre hawwe, mar moderne histoarisy hâlde it op 36 jier. Dêrfan binne teminsten tweintich jiernammen oerlevere. De measten ferwize nei militêre aksjes fan Naram-Sin tsjin plakken as Oerûk en Sûbartû. Ien jiernamme, dy't men oant safier net oan in histoarysk kalinderjier keppelje kinnen hat, waard fêstlein as "it jier dat Naram-Sin de oerwinning behelle op Simoerrûm yn Kirasjeniwe, en dat er Baba, de gûverneur fan Simoerrûm, en Dûbûl, the ensi fan Arame, finzen naam". Oare jiernammen ferwize nei it bouwurk dat Naram-Sin dwaan liet oan timpels yn Akkad, Nippoer en Zabala. Hy liet ek sekundêre bestjoerssintra fêstigje yn Nagar en Ninevee.
De Flok fan Akkad en de dea fan Naram-Sin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is in Mesopotamyske myte oerlevere yn 'e foarm fan in historiografysk gedicht mei de titel De Flok fan Akkad: De Ekoer Wrutsen. Dêryn wurdt útlein hoe't it Akkadyske Ryk nei it berikken fan syn hichtepunt sa fluch útinoar falle koe en hoe't it de barbaarske Gûtjers úteinlik slagge om it beskaafde Sûmearje te feroverjen. De anonime dichter wyt dat oan it goddeleaze hâlden en dragen fan Naram-Sin, dy't de grime fan 'e god Enlil wekke hawwe soe troch de plondering fan 'e Ekoer, de timpel fan Enlil yn Nippoer. Om wraak te nimmen op Naram-Sin rôp de god de Gûtjers út 'e noardlike Sagros, dy't oarloch, hongersneed en dea oer Sûmearje brochten. Om foar te kommen dat de hiele beskaving derûnder strûpe soe, besleaten de goaden Inanna, Enki, Sin, Ninoerta, Utû, Isjkoer, Nûsjkû en Nidaba dat de stêd Akkad ferwoastge wurde moast om 'e rest fan it lân te sparjen. It gedicht einiget dermei dat dy stêd yndie mei de grûn lyk makke wurdt.
It is bekend dat de Gûtjers ûnder it regear fan Naram-Sin ferskate grutte ynfallen yn it Akkadyske Ryk diene, mar it is ûndúdlik hoefolle ferwoastging dêrby tabrocht waard. It is net ûntinkber dat de ynstoarting fan it Akkadyske Ryk al by it libben fan Naram-Sin úteinsette, en dat er by syn ferstjerren yn 2218 f.Kr. net folle mear as de stêd Akkad oan syn opfolger en soan Sjar-Kali-Sjarri oerdroech. De measte saakkundigen binne lykwols fan tinken dat ûnder Naram-Sin de iere ynfallen fan 'e Gûtjers fierhinne ôfslein waarden. Yn dy sjenswize soe it Akkadyske Ryk min ofte mear yntakt yn 'e hannen fan Sjar-Kali-Sjarri kommen wêze en pas ûnder dy syn bewâld begûn wêze te ferkrommeljen.
Neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is bekend dat Naram-Sin ferskate soannen hie. Dêrûnder wiene syn opfolger Sjar-Kali-Sjarri, mar ek in Nabi-Oelmasj, dy't gûverneur fan Tûtûb wie, en in Oekin-Oelmasj, oer wa't fierders neat bekend is. Argeologyske opgravings by Tell Mozan, nei de ruïnes fan it âlde Oerkesj, hat fierders de namme fan in Tar’am-Agade oan it ljocht brocht, in foartiid ûnbekende dochter fan Naram-Sin, dy't nei alle gedachten troud wie mei in (noch) ûnidentifisearre endan (hearsker) fan Oerkesj.
Opgravings troch Nabonidus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Omtrint 550 f.Kr. die de Babyloanyske kening Nabonidus opgravings nei de hearskers oer it Akkadyske Ryk, dy't mear as 1.500 jier earder libbe hiene. Nabonidus stiet sadwaande bekend as de earste argeolooch út 'e skiednis fan 'e minskheid. Hy ûntdiek ferskate foarwerpen dy't yn ferbân stiene mei Naram-Sin, en joech lieding oan 'e opgravings fan 'e timpels fan 'e sinnegod Sjamasj en de kriichsgoadinne Anûnitû (beide yn Sippar) en it hillichdom dat Naram-Sin foar de moannegod Sin yn Harran bouwe litten hie. Neitiid liet Nabonidus de timpels wer opbouwe. Hy wie ek de earste dy't besocht in argeologysk artefakt te datearjen (ntl. de timpel fan Naram-Sin), en hoewol't er der sa'n 1.500 jier nêst siet, wie it likegoed in treflik besykjen as men yn acht nimt dat der yn syn tiid noch gjin inkele technyk foar datearjen ûntwikkele wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.
|