Hillichdom
Appearance
In hillichdom is in plak dat troch de minske as hillich beskôge wurdt en dêr't meastepart in tsjerke of timpel stiet.
Sawat oeral op de wrâld hawwe folken hillige plakken. Beammen, iepen plakken yn bosken, bergen, marren en rivieren binne útkeazen om as hillichdom te brûken en op sokke plakke komme minske gear om harren godstsjinsten te beöefenjen. Al sûnt de prehistoarje wurde dizze plakken ûnderskieden as bysûnder plak, bygelyks troch it te beplantsjen mei beammen, dy't dan as hillich beskôge wurde, of mei stiennen: menhirs, stiensirkels en hunebêden. Letter waarden op dizze hillige plakken timpels, tsjerken en katedralen boud.