Springe nei ynhâld

Stiensirkel

Ut Wikipedy
Long Meg And Her Daughters út de brûnstiid is de grutste stiensirkel fan Noard-Ingelân
Stiensirkel fan Drombeg (County Cork) yn Ierlân, datearjend út de 10e-9e iuw f.Kr.
Beaghmore stone circle en cairn, Noard-Ierlân
Stonehenge stiet bekend om de triliten
Plattegrûn fan Meayll Hill

In stiensirkel is in megalitysk bouwurk. It bestiet út in sirkel of ellips fan grutte, oereinsteande stiennen, soms mei stiennen dy't dwers op de opgeande stiennen lizze. De diameter en it oantal stiennen fariearje per stiensirkel, de measte eksimplaren besteane út 4 oant 60 stiennen.

Oer it doel fan stiensirkels is al in soad skreaun en spekulearre. Sûnder mis sille se in religieuze funksje hân hawwe, mar in protte stiensirkels fertoane ek in dúdlike relaasje mei astronomyske ferskynsels en binne faaks ek brûkt by wize fan kalinder.

De stiensirkels datearje oer it generaal út it lette neolitikum en de iere brûnstiid. Yn bygelyks Gotland en Götaland wurden stiensirkels út de izertiid oantroffen.

Stiensirkels komme benammen foar yn it Feriene Keninkryk en Ierlân, mar bygelyks ek yn Bretanje en it suden fan Skandinaavje. Ien fan de bekendste stiensirkels is Stonehenge, by it doarpke Amesbury yn it Ingelske Wiltshire.

Yn de neite fan stiensirkels binne faak oare megalityske bouwurken te finen, lykas grêfhichtes, cairns en menhirs.

Neist stiensirkels waarden yn itselde tiidrek ek sirkels fan hout oprjochte (Woodhenge); dizze binne fansels trooch de tiid oantaasten, mar it bestean derfan kin ôflaat wurde út bewarre bleaune pealgatten (lykas de pealkrânsheuvels by it Foarstengrêf, Oss). In foarbyld hjirfan is Woodhenge (Amesbury).

Yn it ferline binne stiensirkels bytiden fernield, lykas by de Brandsbutt Symbol Stone.

Stonehenge, Avebury en byhearrende plakken, de stiensirkels fan Senegambia, de Stones of Stenness en de Ring fan Brodgar (ûnderdiel fan Heart of Neolithic Orkney) steane op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Foarbylden fan stiensirkels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]