Woodhenge (Amesbury)
Woodhenge is in henge justjes benoarden Amesbury yn Ingelân en bestie oarspronklik út in sirkel fan houten peallen. It is in monumint út de lette Stientiid of de iere Brûnstiid.
Woodhenge waard ûntdutsen yn 1925 nei in archeologysk loftferkenningsûndersyk troch Alexander Keiller en O.G.S. Crawford. Maud Cunnington hie de lieding oer de opgravings fan 1926 oant 1929.
Woodhenge wurdt sa neamd om't it bouplan liket op it megalityske Stonehenge. It waard fermoedlik yn de Brûnstiid delset om kultyske redenen.
Der binne no peallen fan beton dy't it plak fan de eardere houten peallen oantsjutte; sy foarmje 6 konsintryske (aairûne) ringen. De ringen binne yn ferskillende kleuren op de kaart oanjûn. De lange as fan de ellips wiist yn de rjochting fan it plak oan de kym dêr't by midsimmer (sjoch: sinnekear) de sinne opkomt.
Yn de midden fan de sirkels waard in grêf fûn fan in bern mei trochboarre plasse. It hiele kompleks hat in talúd en in sleat rûnom. In daam oan de noardeastside foarme de tagong fan it terrein.
Fergelykbere bouwurken yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de oanlis yn 1993 fan de wenwyk 'Ittersumerlanden' te Swol en yn 2005 by it 'Maalwater' te Heiloo binne grûnspoaren fûn fan in woodhengekonstruksje út de Prehistoarje.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]