Stonehenge
Stonehenge is in megalitysk momumint út de Prehistoarje. It leit tichtby it plakje Amesbury, op de Salisbury Plain, yn it Ingelske greefskip Wiltshire. It monumint bestiet út grutte stiennen dy't yn in sirkel steane. It wurd henge yn "Stonehenge" is fan Germaanske komôf en betsjut sokssawat as "hingje". Nei alle gedachten waard Stonehenge boud tusken 3500 en 1500 f.Kr., in krekte datearring is lykwols net te meitsjen. Wat de bouwers mei de konstruksje fan doel wienen is tsjuster. Der binne guons dy't tinke dat it brûkt waard troch prehistoaryske astronomen, oaren hâlde it derop dat it te krijen hat mei religy.
Undersyk nei funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Archeologen fan de universiteit fan Sheffield hawwe mei koalstofdatearring fan jiske-oerbliuwsels fan minsken sjen litte kinnen dat it monumint krekt nei syn opjochting yn 3000 f.Kr. in rol spile hawwe kin yn in deadekultus. Dy funksje soe it plak oant 2500 f.Kr. hân hawwe[1]. Ek by stientiidmonuminten yn de omkriten fan Stonehenge binne oerbliuwsels fan kremearre minsken oantroffen. Guon saakkundigen hâlde it op oerbliuwsels fan in elite of dynasty fan hearskers.
Opgravingeen stipe fan National Geographic op it stee fan Durrington Walls yn de Stonehenge World Heritage site hawwe in grutte delsetting bleatlein, dêr't hûnderten minsken wenne hawwe kind. Guon archeologen tinke dat de bouwers fan Stonehenge dêr tahâlden hawwe.[2].
Under ien fan de megaliten fan Stonehenge is koperokside fûn, wat betsjutte kin dat dêr in koperen ding as in soarte fan 'bouoffer' bedobbe is.
Yn septimber 2008 makken Britske archeologen, foar it earst sûnt 1946, nije befinings bekend.[3]. Sy datearren it monumint op 2300 f.Kr., dat is 300 jier jonger as wat earder oannaam waard. Neffens dizze ûndersikers wie Stonehenge in soarte fan 'sûnenssintrum', omdat der is soad bonkerakken fan minsken mei in oandwaning fûn waarden, dy't boppedat ek fan oare plakken yn de omkriten lykje te kommen. Dizze archeologen sjogge Stonehenge as in Lourdes fan de âldheid[4]. Neffens de ûndersikers hienen fral de blauwe stiennen (út Wales) in wichtige funksje.
Yn july 2010 waard op 900 meter fan Stonehenge in oare henge mei pealgatten ûntdutsen. De fynst is dien yn it ramt fan it Stonehenge New Landscapes Project. It projekt sil oant yn 2013 duorje en wol in byld jaan fan it lânskip yn de tiid fan de bou fan Stonehenge en de relaasje mei stientiidmonuminten yn de omkriten.[5]
Lyksoartige bousels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lyksoartige bousels - alhoewol net krekt itselde - binne fûn yn:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|