Megalyt

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Stonehenge yn súdwestlik Ingelân, it bekendste foarbyld fan in megalitysk monumint.

In megalyt is in stiennen monumint. It wurd 'megalyt' komt út it Aldgryksk, fan μέγας, megas ("grut") en λίθος, lithos ("stien"). It is in oantsjutting wêrmei't ferwiisd wurdt nei stiennen dy't oprjochte binne yn 'e prehistoarje. It wurd waard foar it earst brûkt yn 1849, troch de Britske histoarikus Algernon Herbert, om it bekendste foarbyld fan dit ferskynsel te beskriuwen: it monumint fan Stonehenge, yn it Ingelske greefskip Wiltshire. Foar it meastepart stamje megaliten út it Neolitikum, in tiidrek dat rûn fan 12.000 oant 3.700 jier lyn, mar der binne ek megaliten bekend dy't fan earder datearje, út it Mesolitikum, of fan letter, út 'e Kopertiid en sels it begjin fan 'e Brûnstiid. Megaliten komme oer de hiele wrâld foar. Foarbylden binne de hunebêden yn Nederlân en de moai fan Peaske-eilân. Faak hiene sokke megaliten oarspronklik de funksje fan hillichdom of grêftombe.

Der binne ûnderskate soarten megaliten. As it om ien rjochtop sette stien giet, lykas de Brunhildestien yn Belgje, sprekt men faak fan in monolyt, of yn beskate regio's (benammen Frankryk) fan in menhir. In stienmantsje of cairn is in opsteapele bulte lytsere stiennen, dy't fan in ôfstân dizenich de foarm fan in minske hat, lykas it stienmantsje fan Barnenez yn Bretanje. In alynjemint is in groep megaliten dy't yn in rige pleatst binne, lykas de Stiennen fan Carnac, ek yn Bretanje. By in stiensirkel binne de stiennen yn in rûnte opsteld, lykas by de Ninestane Rig, yn súdlik Skotlân. In henge is in stiensirkel wêrby't de steande stiennen belein binne mei lizzende stiennen, lykas by Stonehenge it gefal is. In tumulus is grutte bulte of heuvel fan ierde en stiennen dêr't in grêf mei oerdutsen is. Oare algemiene foarmen fan megaliten binne it stienskip, lykas Ales Stenar yn Sweden, en megalityske timpels, lykas de megalityske timpels fan Ġgantija, op Malta.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.