Springe nei ynhâld

Grêfhichte

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tumulus)
Fersprieding grêfhichten yn Nederlân. Yn't read "gewoane" grêfhichten, yn't blau dy mei urnefjilden.[1]

In grêfhichte, grêfheuvel of tumulus (of cairn: folslein út stiennen oplutsen) is in hichte út de Aldheid dêr't deaden harren lêste rêstplak krigen. Tumulus is de Romeinske namme foar in grêfhichte, dy't oplutsen waard boppe it kremaasjegrêf fan in pommerant. Yn de twadde iuw nei Kristus waarden mear as 150 tumuli oprjochte by Romeinske heirbanen del, yn de Civitas Tungrorum. In goed foarbyld dêrfan binne de Drie Tommen en de tumuli fan Tienen yn Flaamsk-Brabân, dy't by de opgraving fan 1894 wichtige keunstskatten oerjoegen.

Grêfhichten komme oaral yn de wrâld foar.

Yn Nederlân binne hûnderten grêfhichten, de âldste binne likernôch 5000 jier lyn oanlein by Apeldoorn. Op de Feluwe en yn Drinte binne ek noch in protte grêfhichten út de brûnstiid te finen. Yn Nederlân stean tumuli op de list fan archeologyske monuminten. Se genietsje beskerming neffens de monumintewet.

In fan de grutste en heechste grêfhichten hjirre is de Swarte Berch (of Smousenberch) en dy leit yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân, oan de Groenstraat by it doarp Hoogeloon (gemeente Bladel).

Yn it Limburgske Meerlo leit in tumulus út de lette brûnstiid it Pieterpaad bylâns. Dêr binne urnen mei oerbliuwsels fan teminsten 100 deaden fûn. De datearing dêrfan wie net goed te dwaan.

Yn Veldhoven binne in tal restaurearre tumuli te finen.

It Mandefjild ûnder Bakkefean hat ek in pear grêfhichtes en net fier fan Doldersum binne ek in stikmannich.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grafheuvel en urnenveld, Cultuurhistorisch beheer