Monumintewet

Ut Wikipedy

Mei de monumintewet wurdt de Nederlânske wetjouwing foar behâld fan monuminten (yn de sin fan histoarysk erfgoed) bedoeld. De útfiering fan de wet is (sûnt 2009) yn hannen fan de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed dy't ûnder it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip falt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It besef dat âlde gebouwen dy't typearjend binne foar Nederlân beskerme wurde moasten tsjin sloop, datearret al fan de 19e iuw. De plande sloop fan it Muiderslot yn 1825 kaam in soad krityk op. Oan de ein fan de 19e iuw wie benammen binnen de elite soargen oer de flugge feroaring fan de Nederlânske omjouwing. Ut dy gedachten waarden ûnder oaren Vereniging Natuurmonumenten en Erfgoedvereniging Heemschut oprjochte. Benammen dy lêste feriening hat in soad betsjut foar de beskerming fan monuminten. Oant de Twadde Wrâldoarloch ta waard mear as ien kear oantrune op in lanlike beskerming fan monuminten. Sûnder resultaat dat it neamen wurdich is. It wiene nota bene de Dútske besetters dy 't yn 1940 oergiene op in earste foarm fan lanlike beskerming mei it Beslút op de Weropbou fan 1940.

Nei de oarloch waard troch de skaal fan ferwoasting dúdlik dat der breder neitocht wurde moast oer monumintebehear. It beslút út 1940 waard dêrom troch it Nederlânske regear opfolge troch it Beslút op de Weropbou fan 1945 en de Tijdelijke Monumentenwet fan 1950.

Yn 1961 waard de Wet houdende voorzieningen in het belang van monumenten van geschiedenis en kunst oannaam, yn't koart oantsjut mei Monumintenwet. Dat wie de earste folweardige monumintewet. Nederlân wie dêr betreklik let mei yn Europa.

Monumintewet 1988[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Monumintewet (fan 1961) is ferfongen troch de Monumintewet 1988 fan 23 desimber 1988 (Stb. 638 ). Dizze wet gie yn op 1 jannewaris 1989. De motivearring foar de nije wet wie: 'dat it winsklik is om nije bepalingen fêst te stellen foar it behâld fan monuminten fan boukeunst en archeology en legere oerheden mear by dat behâld te belûken'.

De haaddefinysje fan monuminten yn de nije wet is: 'makke saken dy 't fan algemien belang binne fanwegen harren skjintme, harren betsjutting foar de wittenskip of harren kultuerhistoaryske wearde' (kêst 1. b .1 ).
De wet hat op trije mêden fan de monumintesoarch in regeling:

  • de beskerming fan onroerende monumenten (bouwurken. De ûnreplike monuminten dy 't op grûn fan de wet beskerme wurde, wurde ryksmonuminten neamd.
  • de beskerming fan steds- en doarpsgesichten en
  • in regeling oangeande argeologyske monumintesoarch (planologyske beskerming, opgravingsfergunningen, eigendom en depots en ynformaasjesystemen).

De Monumintewet 1988 waard sûnt 1989 hieltyd feroare en oanpast en is yn it ramt fan de modernisearring monumintesoarch op 1 jannewaris 2012 wer feroare. Doe ferfoel ûnder mear de fereaske âlderdom fan 50 jier. De wet is mei yngong fan 1 july 2016 troch de erfgoedwet ferfongen.

Wet op de archeologyske monumintesoarch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 4 april 2006 is it wetsfoarstel foar ymplemintearring fan it Ferdrach fan Malta (fan de Ried fan Europa, fan 1992) troch de Twadde Keamer goedkard en yn desimber fan dat jier joech de Earste Keamer ek syn goedkarring. Op 1 septimber 2007 kaam dy Wet op de archeologyske monumintesoarch (WAMZ) yn wurking en waard de Monumintewet 1988 wizige.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]