List fan hunebêden yn Nederlân
Appearance
(Trochferwiisd fan Hunebêden yn Nederlân)
Hunebêdden binne prehistoryske megalityske bouwurken dy't op ferskate plakken yn Nederlân, Dútslân, Denemark en Skandinaavje fûn wurde kinne.
Yn Nederlân stiene hunebêden yn de provinsjes Drinte, Grinslân en Oerisel. Hjoed de dei steane noch 53 derfân op harren orizjinele lokaasje: 52 yn Drinte, en ien yn Grinslân. In twadde Grinslanner hunebêd G5, dy't yn 1982 by Delfsyl fûn waard ûnder in terpke, is ôfbrutsen en wer opboud yn Aquariom yn Delfsyl.
Hjirûnder folget in list fan hunebêden yn Nederlân.
Drinte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grinslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nummer | Plaats | Type hunebed | Foto |
---|---|---|---|
hunebêd G1 | Noardlaren | ||
hunebêd G5 | Heveskeskleaster |
Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opmerkings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- D33 waard opromme troch archeolooch Van Giffen foar de restauraasje fan D49.
- D48 krige fan Van Giffen in hunebêdnûmer sûnder foarôfgeand undersyk. Letter die bliken dat D48 neat mear as ien grutte stien wie. Van Giffen hie it fermoeden dat it in dekstien fan in underlizzend hunebêd wie.
- De nûmers O1 en O2 (Oerisel) en G2 oant en mei G4 (Grinslâan) binne earder opromme. Harren lokaasjes (restanten dekheuvel, granietgruis fan de bolderflier) binne wol weromfûn. Van Giffen wie oars ek net konsekwint, de ferdwûne hunebêden yn Drinte hat er gjin eigen nûmer jûn, mar wurde oantsjut mei it nûmer fan in neistlizzend besteand hunebêd mei de tafoeging fan in letter (bygelyks D42a).
- De letters foar de sifers ferwize nei de provinsjes dêr't de hunebêden lizze.