Noardlaren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Noordlaren RA.JPG
Hunebed G1 by Noardlaren

It doarp Noardlaren (Grinslânsk: Noordloaren) leit yn de gemeente Grins, yn de provinsje Grinslân (yn Nederlân), benoarden Súdlaren en Midlaren. Oan de eastkant wurdt it begrinze troch de Súdlaardermar. Noard- en Súdlaren lizze yn ferskillende gemeenten en yn ferskillende provinsjes.

Noordlaren leit yn in gebiet dat ek wol it Gorecht neamd wurdt. Noardlaren wie ien fan de kerspels fan dizze kontrei. It âldste part fan it tsjerkje is fan de lette 12e iuw, foaral de toer hat noch romaanske skaaimerken.

In oar monumint is de nôtmûne De Korenschoof.

Noardlaren hat in hunebed, dat lange tiid jilden hat as de iennichste yn Grinslân. It hunebêd hat it nûmer G1. Letter binne yn de Appelbergen, krekt benoarden Noardlaren, twa fernielde hunebêden fûn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]