Paterswoldsemar
De Paterswoldsemar (ek: Paterswoldse mar of Paterswoldermar) is in mar súdwestlik fan de stêd Grins.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Paterswoldsemar is in part fan de Drintsk-Grinzer marrekrite. At de Hoarnsemar meirekkene wurdt, is it 270 ha grut. Oan de eastkant is de Paterwolsemar mei de skutslûs de Nijveensterkolk ferbûn mei it Hoarnsedjip, in oerbliuwsel fan de Drintske Aa, en sa ek mei it Noard-Willemskanaal. Oer it dykje neist it Hoarnsedjip, de Hoarnsedyk, rint it Piterpaad. Oan de súdkant wurdt de mar begrinzge troch de Marwei, de dyk fan Haren nei Paterswolde. Besuden dêrfan leit it Friese Veen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Paterswoldsemar is ûntstien yn de 16e en 17e iuw troch ferfeanting yn de krite dy't ek wol Neerwolde neamd wurdt. Begjin 20e iuw waard it gebiet ûntdutsen troch begoedige rekreanten. Yn dy tiid waard ek de Paalkoepel, in op peallen boud paviljoen (no kafee-restaurant) set, it eardere Famyljehotel Paterswolde en it klubhûs fan de seilferiening De Twee Provinciën.
Oan de noardkant fan de mar wie foar de Twadde Wrâldkriich gjin sprake fan rekreaasje, mar waard de feangrûn brûkt as (folks)tún foar ynwenners fan Grins. In de rin fan de jierren bouden dy túnkers dêr wykeinhûskes. Sa ûntstienen oan de noardkant fan de âlde mar sa njonkenlytsen in protte rekreaasjewenten. Yn de jierren 1970 is dy kant fan de mar rekonstruearre. Feaneilantsjes binne beskoaid en ophege en de bou fan rekreaasjeshûskes waard beheind. It oanlizzen fan riolearing, wetterlieding en in ûntslutingswei feroarsake in grutte opgong fan de rekreaasje oan dizze kant fan de mar.
Yn de oarloch hawwe in protte ûnderdûkers gebrûk makke fan de ienfâldige foarsjennings dy't troch de folkstúnders oanlein wiene om oan de Dútsers te ûntkommen.
Yn 1982 waard it mar fiks fergrutte doe't der in ferbining makke waard mei it Hoarnsemar, om sa in grutter rekreaasjegebiet te krijen. Op de grins fan de twa marren lizze de eilannen de Fokken en de Zweerden.
Ferdivedaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mar lûkt in soad rekreanten út it tichteby lizzende Grins, fral silers komme dêr. De Hoarnsemar, benammen de Hoarnse plas wurdt in protte swommen en sinnebaaid.
Oant de jierren 1970 wie der oan de Meerweg in boarterstún en oant yn de jierren 1950 wie der oan de westkant fan de mar in swimbad. Letter koe der allinich noflik swommen wurde by it Slakke-eilân, om't dêr in frijwat sânige boaiem is.
De eastlike ouwer hat sûnt 1971 de poldermole De Helper út 1863.
De mar is nei it doarp Paterswolde neamd, mar leit foar it meastepart yn de gemeente Haren.
-
De Paterswoldsemar út it noardwesten wei sjoen (2009)