Noard-Willemskanaal
Appearance
It Noard-Willemskanaal is in kanaal yn Grinslân en Drinte, dat iepene waard yn 1861. It kanaal ferbynt de Drentsche Hoofdvaart westlik fan Assen mei de stêd Grins. It kanaal rint suver lykop mei de sneldyk A28 en hat in langte fan 38 km. It 2 meter djippe kanaal is nei kening Willem III fan de Nederlannen neamd. De wetterferbining hat de namme Noard-Willemskanaal omdat der yn Noard-Brabân al in Súd-Willemskanaal wie.
It Noard-Willemskanaal hat trije slûzen:
- Noardlik fan Assen by Peelo.
- Slûs III, sa'n oardel kilometer noardlik fan Vries.
- Slûs IV by De Punt, in doarp yn de gemeente Tynaarlo yn Drinte.
Tusken Haren en de stêd Grins folget it kanaal rûchwei it ferrin fan de Drintske Aa (Hoornsediep), op dat plak wurdt it kanaal dêrom ek wol Drintske Aa of Hoornsediep neamd.