Middelbert
|
Middelbert (Grinslannersk: Milbert) is in doarp yn de gemeente Grins. Oant 1969 lei it doarp yn de doe noch selsstannige gemeente Noarddyk.
De namme Middelbert betsjut 'middelste buert' of 'middelste doarp'. It wie oarspronklike ien fan de kerspels fan it Goarjocht.
It oarspronklike plak bestiet út twa dielen: it doarp Middelbert, dêr't de tsjerke stiet oan de Middelbertsterweg en Olgersweg, en it streekje Lyts Harkstede, dat oan de Harkstederweg en Borgsloot leit en oer de Driebondsweg ferbûn is mei it oare doarpsdiel.
Mei Engelbert, Euvelgunne en Roodehaan is Middelbert ien fan de fjouwer saneamde MEER-doarpen dy't yn it gebiet lizze, dêr't de grutte Grinzer stedsútwreiding Meerstad plak fynt. Yn de plannen sil Middelbert it doarpske karakter behâlde.
Yn Middelbert stiet de 13e-iuwske Sint-Martenstsjerke.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Middelbert fan Wikimedia Commons. |