Sint-Martenstsjerke (Middelbert)
Sint-Martenstsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
plak | Middelbert | |
adres | Noorddijkerweg 16 | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 38' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 18760 | |
Webside | ||
Side fan de tsjerke op SAGT | ||
Kaart | ||
De Sint-Martenstsjerke yn it Grinslânske doarp Middelbert is in fan oarsprong let-romaansk tsjerkegebou. De Herfoarme gemeente droech yn 1974 it gebou oer oan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste diel fan 'e tsjerke datearret út de iere jierren fan 1200. Healwei de 13e iuw waard de tsjerke nei it westen ta mei twa smellere traveeën útwreide. De tsjerke krige yn 1683 in dakruter en yn 1731 waard de hiele westlike gevel fernijd.
Yn 1775-1776 waard it koer fernijd en út dy tiid datearje ek de goatyske finsters yn 'e muorren fan it tsjerkeskip. Yn 1905 krige de westlike gevel it hjoeddeiske oansjen mei twa spitsbôgige finsters en in rûn finster, dy't alletrije smei-izeren trasearings krigen. De muorren krigen doe in pleisterlaach, dy't by de restauraasje fan 1975-1977 ferwidere is. Tsjintwurdich is allinne de westlike gevel noch bepleistere.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Martenstsjerke besit in geve ynrjochting. Preekstoel, doophek en fjouwer kroanluchters datearje út 1743. Fierder binne der nachtmielsbanken mei opsetstikken út 1850. It offerblok datearret fan 1655. De âldste sark is fan 1601, de oare sarken binne út de 17e, 18e en 19e iuw.
Ut de roomske tiid datearje de nissen yn de muorren. Ek binne der noch in tal wijingskrusen bewarre bleaun.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1822 boud troch Johannes Wilhelmus Timpe. It twamanualige ynstrumint hat fyftjin registers en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|