Springe nei ynhâld

De Korenschoof (Noardlaren)

Ut Wikipedy
De Nôtskeaf

De Korenschoof

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Grins
plak Noardlaren
adres Zuidlaarderweg 73
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1849
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 20296 [1]
offisjele webside
De mûne op de side fan Stifting It Grinslânske Gea

De Korenschoof is in nôtmûne yn it Grinslânske doarp Noardlaren. De mûne is sûnt 1973 tegearre mei de twa reitdutsen skuorren út de tiid dat de mûne ek as iikmûne wurke in ryksmonumint. Eigner is de gemeente Grins.

Nei't de standermûne fan Harendermolen yn 1822 ôfbrutsen waard, moasten de ynwenners fan Noardlaren fierder reizgje om harren nôt te meallen. In fersyk om in mûne yn Noardlaren te bouwen waard yn 1841 noch ôfwiisd, mar mei't de Súdlaarderwei ferhurde waard mocht yn opdracht fan Roelof Klinkhamer yn 1848 dochs in pel- en roggemûne boud wurde. Sûnt 1862 die de mûne ek tsjinst as iikmûne om te produsearjen foar de learloaierijen. Yn dy tiid waarden oan de westlike kant fan de mûne ek de noch jimmeroan besteande twa reiddutsen skuorren boud. Om't de learloaierijen op keunstsmjittige loaistoffen oerstapten waarden tusken 1882 en 1888 de runstiennen út de mûne ferwidere. De mûne rekke dêrmei it measte fertsjinst kwyt.

Yn 1904 krige de mûne in sûchgasmotor en yn 1930 in elektryske motor. Yn de tiid dy't folge sette de delgong fan de mûne yn en yn 1935 wie de mûne al brekfallich. Yn 1940 liet de doedestiidske mûnder Hoenderken de mûne stilsette om de mûne foar ôfbraak te ferkeapjen. De gemeente ûnderkende yn dy tiid al de lânskiplike wearde fan de mûne en fûn it skande om de mûne ôf te brekken. Dêrom kocht de gemeente Haren de mûne oan foar in bedrach fan 2500 gûne. De mûne ûndergyng dêrnei in restauraasje en krige de hjoeddeiske namme.

De mûne hat selsswichting hân, dy't by in restauraasje yn 1972-1973 ferfongen waard troch in âld-hollânsk wjuksysteem. Fanwegen de beammen om de mûne is by in restauraasje yn de jierren 2004 en 2005 keazen foar in systeem mei fokwjukken en silen. Ek binne doe de roeden en in diel fan de kape fernijd.

De Nôtskeaf is in achtkante stellingmûne mei in stiennen ûnderbou. Lykas in soad Grinslânske mûnen is it achtkant net mei reid mar mei swarte, houten latten dutsen. De wjukken fan de mûne hawwe in flecht fan 20,80 meter, dy't by de lêste restauraasje fan 2004-2004 fokken krigen. It is spitich dat it sicht op de mûne troch beammen weinommen wurdt, oan de westlike kant op it bedriuwsterrein is der better sicht op de mûne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: