Springe nei ynhâld

Hunebêd D43

Ut Wikipedy
Hunebed D43 (langgrêf) oan de eastkant fan de Emmer es

Hunebed D43 flakby Emmen is it ienichste hunebêd yn Nederlân fan it langgrêf-type. It datearret fan likernôch 3000 foar ús jiertelling.

It is 40 meter lang en seis meter breed. De stiennen út de krânse steane mei de flakke kant nei búten keard. Binnen de stienkrânse lizze twa grêven. It noardlike grêf is in lytse fiif meter lang en bestiet út 6 siidstiennen mei 3 dekstiennen. It súdlike grêf wie wat grutter, sa'n 8 meter lang en mei 10 sydstiennen en 5 dekstiennen (wêrfan der mar twa oanwêzich binne). Beide grêven hawwe in yngongspartij fan ien pear poartestiennen.

Yn de 19e iuw waard al oer dit hunebêd publisearre (ûnder oare troch prof. dr. L.J.F. Janssen) en waard besocht dit hunebêd te werstellen. Dit barde lykwols tige unsaakkundich (en nei alle gedachten ûnder opoffering fan it weiwurden hunebêd (D43a) wat bliken docht út in lilk artikel yn de Provinciale Drentsche en Asser Courant.

Yn 1913 waard it hunebêd foar it earst systematysk ûndersocht troch dr. J.H. Holwerda. Ut dit ûndersyk die bliken dat it langgrêf yn fazes boud is. De noardlike grêfkelder is it earst boud en it oare in skoftsje letter. Yn dizze lêste faze is de stienkrâns ek grutter makke. Yn in tredde faze is de stienkrânse nei it suden nog grutter makke. Dêr wurde nog wat potdiggels en in stiennen beitel fûn.

By in ûndersyk fan Dr. van Giffen yn 1960 kamen trije offerkûlen foar it ljocht, twa bûten de stienkrânse, ien binnen de stienkrânse. De bûtenste twa waarden bedutsen mei in stien dy't út de stienkrânse ôfkomstich wiene. Dizze wiene al yn de prehistoarje omlutsen. Ek die bliken dat it grêfmonumint oant yn de brûnstiid noch út en troch brûkt waard as begraafplak.

Yn itselde jier 1960 waard it hunebêd ek foar in part restaurearre.