Hunebêd

Ut Wikipedy

In hunebêd of dolmen is in megalityske (Gryksk: mega = grut, lithos = stien) stienkeamer út de prehistoarje, troch minsken makke, dy't bestiet út steande draachstiennen, oerdutsen troch platte dekstiennen. Hunebêden en oare dêrmei te fergelykjen bousels binne yn hiel Noardwest-Jeropa fûn fan Portegal oant Denemark en yn Grut-Brittanje en Ierlân. Guons hawwe oan de binnenkant ynskripsjes of fersiersels dy't yn de stien beitele binne. Eartiids waarden hunebêden oerdutsen mei ierde sadat sy op hichten liken.

Hunebêden yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân binne noch 54 hunebêden, wêrfan't 52 yn de provinsje Drinte. De oare twa lizze yn de provinsje Grinslân. In skoft lang waard der tocht dat yn Gaasterlân yn Fryslân oerbliuwsels fûn wienen fan in hunebêd, mar út letter ûndersyk die bliken dat it om in saneamde stienkiste gie. Troch A.E. van Giffen waard yn de earste helte fan de 20e iuw foar it earst strukturearre archeologysk ûndersyk dien en oer it hunebêd publisearre.

In soad hunebêden binne yn de rin fan de iuwen fernield, meidat de stiennen brûkt waarden as boumateriaal foar wegen en huzen. In goed foarbyld is de Grutte Tsjerke yn Emmen dêr't foar it fûnemint fan de toer stiennen fan hunebêden brûkt binne. Ek binne guon hunebêden ferwoaste troch religieuze fanaten yn earder tiden, omdat sy se as heidenske bouwurken beskôgen.

Hunebêd by Bronneger

Yn Borger flakby it grutste hunebêd fan Nederlân leit it Hunebêdsintrum. Yn dit museum , boud yn 2005, is allegear ynformaasje te finen oer de hunebêden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hunebêden binne boud yn de stientiid, sawat 5000 jier lyn troch folken dy't oantsjutten wurde mei de sammelnamme Trachterbekerkultuer. Dy namme is ôflaat fan de foarm fan harren ierdewurk. Nei alle gedachten wiene dy wiidfersprate folken gjin homogeen gehiel. Oer de skiednis fan dit folk is amper wat bekend.

Wittenskippers tinke dat it hunebêd in prehistoaryske grêfkeamer west hat, mar dat is lykwols net goed bewezen, omdat bonkerakken of resten fan minsken út dy tiid ûntbrekke. Dat soe komme kinne troch de tastân fan de boaiem: bonkerakken binne folslein fergien. Wol binne der grutte oantallen foarwerpen fûn yn sawat alle hunebêden. Dat lêste soe der op wize kinne dat de hunebêden wol wer brûkt waarden as begraafplak. Mooglik hienen hunebêden foar dy minsken in religieuze betsjutting en fungearre it as hillichdom.

De stiennen dêr't de hunebêden mei boud binne komme út de Skandinavyske lannen (Noarwegen en Sweden). Se binne yn Nederlân bedarre yn de Iistiid troch it skowende lâniis. Doe't alle iis oan de ein fan de iistiid fuortteid wie bleaunen de meifierde stiennen achter.

Megaliten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn hiel Noardwest-Jeropa binne megaliten fariearjend yn grutte fan inkele meters oant soms wol tweintich. Benammen yn Frankryk by Karnak en yn Ierlân en Grut-Brittanje komme se in soad foar, bygelyks Stonehenge. Har komôf is krekt as mei de hunebêden ûndúdlik en ek net wis dat dy troch minsken fan de trachterbekerkultuer oprjochte binne. Foar de bou fan de megaliten en de hunebêden binne lykwols deselde soarte fan stiennen brûkt.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • A.E. van Giffen, De hunebedden in Nederland (1925)
  • E. van Ginkel, S. Jager en W. van der Sanden, Hunebedden, Monumenten van een Steentijdcultuur (2005) 2e druk, Utjouwerij Uniepers, ISBN 90-6825-333-6

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling omt utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]