Springe nei ynhâld

Hunebêdsintrum

Ut Wikipedy
Hunebêdsintrum
Hunebedcentrum
  museum
Hunebêdsintrum yn Borger
Hunebêdsintrum yn Borger
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeenteFlagge fan Borger-Odoorn Borger-Odoorn
plakFlagge fan Borger Borger
adresBronnegerstraat
koördinaten52° 55′ N, 6° 47′E
Algemiene gegevens
typeArgeologysk museum
wurkmêdHunebêden,
Stientiid
oprjochting1959
Arsjitektuer
type gebouMuseum
arsjitektAldo van Eyck
boujier2005
Offisjele webside
hunebedcentrum.nl
Kaart
Hunebêdsintrum (Drinte)
Hunebêdsintrum
Lokaasje yn Drinte

It Hunebêdsintrum (Nederlânsk: Hunebedcentrum) is sûnt 1959 in museum yn it Drintske doarp Borger, tichteby it grutste hunebêd fan Nederlân. It museum ferhellet fan de hunebedbouwers. It terrein fan it Hunebêdsintrum hat in rekonstruksje fan in hûs út de stientiid en in nôtspiker.

By it sintrum is in pleats út de stientiid neiboud

Op 27 maaie 2005 waard it nagelnije Hunebêdsintrum troch Prinsesse Margriet offisjeel iepene. It sketsûntwerp fan it gebou waard makke tocht de ferneamde arsjitekt Aldo van Eyck. Hy ferstoar 1999, dat hy koe syn wurk net ôfmeitsje. Syn widdofrou Hannie van Eyck-van Roojen hat, tegearre mei arsjitekt Abel Blom, it oarspronklike ûntwerp realisearre.

De bou en ynrjochting fan it museum is troch in ploech archeologen, designers en museumdeskundigen gearstald. Sa is under oaren yn it auditorium de gletsjer-reis fan in hûnebedstien, fan de bergen yn Skandinaavje nei it grutte hunebêd yn Borger, in byld en lûd te sjen. Fierder is yn it museum in detaillearre rekonstruksje fan it hunebêd D26 opboud, mei de komplete, yn 1970 troch archeolooch dr. Jan Albert Bakker opgroeven, ynventaris út de Trachterbekerkultuer.

Neist de fêste kolleksje biedt it Hunebêdsintrum tydlike eksposysjes fan bysûndere nasjonale en ynternasjonale aspekten fan de prehistoarje.

Oek, byld fan Yvonne van Oorde

Om de prehistoarje libje te litten foar bern, hat it Hunebêdsintrum Oek, sabeare bern fan hunebêdbouwer, yn it libben roppen. De ferhalen fan Oek wurde skreaun troch Hein Klompmaker en de tekeningen wurde makke troch Roelof Wijtsma.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: