Springe nei ynhâld

Noard-Sleen

Ut Wikipedy
Noard-Sleen
Himrik fan Noard-Sleen
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Ynwenners (2020) 460 [1]
Koördinaten 52°43'27"N 6°45'1"E
Netnûmer 0591
Postkoade 7846
Webstee www.noord-sleen.nl

Noard-Sleen (Drintsk: Noord-Slien) is in doarp yn de gemeente Coevorden yn de provinsje Drinte.

Hunebêd D50

It doarp leit noardlik fan Sleen, dat eartiids ek Súd-Sleen neamd waard. Súd-Sleen waard lykwols folle grutter en it haaddoarp fan de eardere gemeente Sleen, dy't op 1 jannewaris 1998 weryndield waard by de gemeente Coevorden. Boaiumfynsten rjochtfeardigje de konklúzje dat Noard-Sleen al fier foar de jiertelling bewenne west hat. Ek de hunebêden D50 en D51 oan de Hunebedweg noardlik fan de Zweeloërstraat tsjûgje dêrfan.

By de tarieding fan de bou fan in nije pleats yn maart 2015 waarden by argeologysk ûndersyk oerbliuwsels ûntdutsen fan in prehistoaryske delsetting. It gyng om ferskillende pleatsen en skuorren ("Spiekers") út de brûnstiid en izertiid.[2]

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noard-Sleen is in iesdoarp mei in soad Saksyske pleatsen. It besjen wurdich is de mûne Albertdina, in grûnsiler út 1906.

Yn de marke Noard-Sleen binne twa hunebêden te finen. Noardlik fan it doarp leit de 1600 hektare grutte boskwachterij Sleenersân. De bosken binne op in grut heide- en stosângebiet oanplante. Fan de heide binne hjir en dêr noch wat lytse fjildsjes oerbleaun. Yn it bosk leit it hunebêd de 'Papeloze kerk'. Yn de tiid fan de reformaasje waarden dêr hagepreken holden. Oan de súdlike kant fan it bosk stiet in monumint foar de omkommen mannen fan Britske bommesmiter, dy't dêr op 14 maaie 1943 delstoarte. Oan de súdeastlike kant fan it bosk, tichteby it doarp, leit it rekreaasjegebiet de Kibbelkoele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: