Albertdina
Albertdina | ||
![]() | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Noard-Sleen | |
koördinaten | 52°47' N 6°48' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 22 m | |
boujier | 1906 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 33783 [1] | |
Kaart | ||
De Albertdina yn Noard-Sleen, Drinte, is in nôtmûne dy't yn 1906 boud waard op it plak fan in foargonger, dy't doe ôfbaarnde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De foargongers fan de hjoeddeiske mûne baarnden yn in pear jier efter inoar ôf. De earste mûne stie oarspronklik yn Garrelsweer en baarne yn 1904 ôf. De twadde mûne wie boud fan materjaal fan 'e stellingmûne 'Concordia', dy't yn Grins oan it Damsterdjip stie, in mûne út 1771 en dy't yn 1906 ôfbaarnde.
De Albertdina waard yn 1906 foar de mûnder F. Westerling boud mei it achtkant fan 'e ôfbrutsen mûne Apollo (of mûne fan Grashuis) út it Grinslânske Usquert.[2]
It eigendom fan 'e mûne gyng yn 1908 oer fan J. Westerling op J. Ziengs. Yn 'e jierren 1952-1953 krige de mûne by in restauraasje fan 'e sûnt 1945 nije eigner J. Schepers in nije sturt en selsswichting.
Yn 1976 kocht de doetiidske gemeente Dalen de mûne fan 'e lêste mûnder J. Schepers. Nei de gemeentlike weryndieling waard de gemeente Coevorden eigner fan 'e Albertdina, dy't de mûne yn 2020 tagelyk mei De Hoop yn Wachtum en De Arend yn Coevorden oerdie oan it Drintske Gea.[3]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Albertdina is in achtkante muonts mei in mitselde ûnderbou. De wjukken hawwe in flecht fan 22 meter en in âldhollânsk wjuksysteem. Kape en achtkant binne reitdutsen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Fer. De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|