Springe nei ynhâld

De Arend (Coevorden)

Ut Wikipedy
De Arend
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Coevorden
adresKrimweg 60
koördinaten52°39' N 6°43' E
bysûnderheden
funksjenôtmûne
boujier1894
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer11493 [1]
Webside
FB-side fan De Arend
Kaart
De Arend (Drinte)
De Arend

De Arend ('De Earn') is in nôtmûne yn it Drintske Coevorden. Eigner fan de mûne is It Drintske Gea.

De mûne waard yn 1894 troch de mûnemakkers Ritsema fan Strobos boud nei't de foargonger op itselde plak yn 1890 ôfbaarnde. Nei alle gedachten komt de mûne oarspronklik fan Haarlim of Haren, dy't dêr yn 1888 boud wêze soe. Mooglik hat de mûne dêr in oare funksje hân, om't boppe yn it achtkant noch in oerstallige romte sit.

De ferfallen mûne yn 1969.

Sûnt 1951 rekke de mûne bûten gebrûk en sette in ferfal yn. Doe't de restauraasje yn augustus 1977 útein sette, wie it reid al fan it achtkant en de kape ferdwûn. Ek de stelling wie der net mear en de roeden wiene slim skeind. Ir restaurearre bouwurk waard yn 1979 troch de doetiidske staatssekretaris Gerard Wallis de Vries feestlik yn wurking set.[2]

De Earn is in achtkante boppekruier mei stelling en in mitselde ûnderbou. It achtkant en de kape is reiddutsen. De twa metalen roeden hawwe âldhollânsk hekwurk en in flecht fan 20,50 meter mei in smei-izeren as.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Molens uit Drenthe, útjouwerij Waanders-Zwolle