Tynaarlo (doarp)

Ut Wikipedy
Tynaarlo
Hunebêd D6 by Tynaarlo (2008)
Hunebêd D6 by Tynaarlo (2008)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Tynaarlo
Sifers
Ynwennertal 1.895 (2023) [1]
Oerflak 14,8 km²
dêrfan lân: 14,14 km²
dêrfan wetter: 0,65 km²
Befolkingsticht. 128 ynw./km²
Oar
Ferkearsieren N386
Postkoade 9482
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Offisjele webside
www.naarzuidlaren.nl
Kaart
Tynaarlo (Drinte)
Tynaarlo
Kaart
Hunebêd D6 by Tynaarlo (2008)
Lizzing fan Tynaarlo yn de gemeente Tynaarlo
Dizze side giet oer it doarp Tynaarlo. Foar de gemeente dat nei it doarp neamt is, sjoch: Tynaarlo (gemeente).

Tynaarlo (Drintsk: Tynaorl) is in doarp yn de Nederlânske provinsje Drinte, yn de gemeente Tynaarlo, mei 1.895 ynwenners (1 jannewaris 2023).

It doarp Tynaarlo is net it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. By de gearfoeging fan de eardere gemeenten Eelde, Vries en Súdlaren mei yngong fan 1 jannewaris 1998 waard ynearsten keazen foar de nije namme Súdlaren. Dit rôp protesten op yn de beide oare plakken. Dêrom waard keazen foar de namme fan it lytse doarp dat sawat midden tusken de trije gruttere yn leit.

Tynaarlo is in âld brinkdoarp, lizzend oan de N386 fan Vries nei Súdlaren en flak oan de A28, midden tusken de stêden Assen en Grins.

Tynaarlo wurdt foar it earst neamd yn 820. It agraryske karakter is fierhinne behâlden bleaun yn it âlde sintrum mei in grutte en beamrike brink. In soad aktive boeren telt it doarp lykwols net mear. It is no in forinzedoarp mei nijbouwiken oan de râne.

Eastlik fan it doarp, rjochting Zeegse, sit in lyts hunebêd (D6) mei trije dekstiennen.

Tynaarlo leit oan it spoar fan Meppel nei Grins. By it doarp lei it Stasjon Vries-Súdlaren dat fan 1870 oant 1938 iepene wie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Tynaarlo
Doarpen:
BunneDe GroeveDe PuntDonderenEeldeEelderwoldeMidlarenOudemolenPaterswolde (foar in part)SúdlaarderfeanSúdlarenTaarloTynaarloVriesWindeYdeZeegseZeijen
Buorskippen:
Bruilweering (foar in part)OosterbroekSchelfhorstZuideinde
Eardere Buorskippen:
Plankensloot
Wetter:
Drintske AaEelderdiepGrote MaslootHoornseplas (foar in part)LeijenloopOosterloopNoard-WillemskanaalOosterloopPaterswoldsemar (foar in part)SmeerveenscheloopSúdlaardermar (foar in part)Taarlosche DiepVeenmeer
wizigje