Annen
Appearance
Annen is in esdoarp yn de gemeente Aa en Hunze, oant 1998 haadplak fan de gemeente Anloo, mei gemeentehûs; 3354 ynwenners (2000), 1424 wenningen (2000) en hat de grutste brink fan Drinte; noardwestlik fan it doarp leit in - skeind - hunebêd (D9). Tusken it doarp en de Hunze lizze de Annergrienlannen mei in wetterwingebiet (kearn fan in grutte pingoruïne) en pompstasjon. Yn de 14e iuw waard de namme skreaun as Anne(n) (1309) en oant Annen (1382). Twa mooglike betsjuttings:
- it elemint hiem (-en)
- de persoansnamme Anne of Anno yn in ferburgen foarm. Annen is yn de 20e iuw feroare fan in typysk esdoarp yn in forinzeplak. Troch de oanlis fan de autowei N34 waard de Noordesch nei 1970 folboud, û.o. foar forinzen op Grins, Assen, Emmen, Veendam en Stadskanaal. Troch ruilverkavelingen binne de oarspronklike lytse persielen ferdwûn. It besjen wurdich is it tolhúske (19e iuw; restaurearre) mei twa linebeammen. Skimpnammen foar de ynwenners: Oelen, Mooshappers en Moosstengels.
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ben Snijders, keunstskilder
- B.J. Hegen, (Assen, 1942) bluesgitarist, sjonger, tekstdichter, skilder en cartoonist
- William Matthijssen, (Slochteren, 22 desimber 1976) is in Nederlânske gersbaan-sydspankoereur.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |