Springe nei ynhâld

Atalja fan Juda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Atalja)
Keninginne Atalja

Atalja (Hebriuwsk: עֲתַלְיָה‎; "de Hear is ferheven" † 837 of 835 f.Kr.) regearde nei de dea fan Achazja tusken ±841 oant ±835 f.Kr. oer it keninkryk Juda.

Atalja wie in telch út de Israelityske dynasty fan de Omriden. Hja wie in dochter fan kening Achab en Izébel, in fûle oanhingster fan de Baäl-kultus. Har houlik mei Joaram fan Juda moasts it bûn tusken de beide keninkriken Israel en Juda besegelje.

Wylst Joaram, dy't ofstamde fan David, trou bleau oan de God fan Israel, tsjinne Atalja de Kanaänityske ôfgoaderij fan har mem. Nei't kening Joaram ferstoar folge syn soan Achazja him op as kening, mar tidens in besite oan syn neef, de kening fan Israel, waard hy ombrocht troch mannen fan de legerofsier Jehû, dy't dêr tsjin de foarst yn opstân kommen wie.

Doe't Atalja it nijs fan de dea fan har soan Achazja fernaam, liet hja alle soanen út it hûs fan David ombringe sa't hja sels regeare koe. Josjabat, in dochter fan kening Joaram, helle lykwols op 'e tiid de noch lytse Joäsh út it paleis wei en brocht him nei de timpel, dêr't har man Jojada pryster wie.

Atalja wurdt finzen nommen yn de timpel (Antoine Coypel, 1697)

Seis jierren gyngen foarby mei Atalja as keninginne fan Juda en doe weage Jojada it der op om Joäsh ta kening te kroanen. Doe't it safier wie liet Jojada op wichtige plakken mannen delsette, dy't de trochgongen bewake moasten. Atalja hie al dy tiid neat yn 'e rekken, mar doe't hja de opskuor bûten hearde en har op de hichte stelle woe fan wat der barde, seach hja by de yngong fan de timpel de nyskrektsa ta kening kroande Joäsh yn oanwêzigens fan de hiele lânadel. Atalja kaam te let en wie net mear yn steat om noch wat te ûndernimmen tsjin de opstân. Hja waard meinaam troch manlju en nei't hja Atalja by de poarte fan it paleis ombrochten teach it folk nei de timpel fan Baäl om dêr in ein te meitsjen oan de ferearing fan de goaden fan de keninginne.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 22, 23