Achazja fan Israel
| Achazja fan Israel | ||
| Achazja, kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | nei in fal troch in finster (2 Ken. 1) yn Samaria | |
| leeftyd | ûnbekend | |
| folk | Israelitysk | |
| Famylje | ||
| heit | Achab | |
| mem | Izébel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | nei alle gedachten gjin bern, om't syn broer Joaram him opfolge | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 853 - 852 f.Kr. | |
| bekend fan | rieplachtsjen fan Baäl-Sebûb, fal út it finster | |
| neamd yn | 1 Keningen 22:51–53; 2 Keningen 1 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Achazja (Hebriuwsk: אֲחַזְיָה ’Ăḥazyāhū, JHWH hâldt fêst; 870 f.Kr. — 850 f.Kr.) wie kening fan Israel en in soan fan kening Achab en keninginne Izébel. It bibelboek Keningen is net posityf oer syn keningskip fanwegen it folgjen fan syn heit oangeande de ferfolging fan oanhingers fan 'e God fan Israel en it oanmoedigjen fan 'e Baäl-ferearing yn syn ryk. Syn regear hat mar fan 850 oant 849 f.Kr. duorre.
Achazja folge syn heit op, nei't dy yn 'e striid tsjin 'e Arameeërs yn Gileäd foel. Under Achazja's bewâld kamen de Moäbiten tsjin him yn opstân.[1] It bûn mei kening Josjafat bleau bestean, mar in útstel fan Achazja oan Josjafat om mei te dwaan oan in floatekspédysje om goud út Ofir te heljen, waard troch Josjafat ôfwiisd.[2]
Doe't de kening slim ferwûne rekke by in fal, stjoerde hy syn boadskippers nei de timpel fan Baäl-Sebûb, de god fan Ekron, om genêzing ôf te smeken. De profeet Elía waard troch in ingel warskôge en rûn de boadskippers fan 'e kening yn 'e mjitte om se te kearen. Nei't de profeet de fraach stelde oft der yn Israel soms gjin God wie dat hja nei Baäl-Sebûb gyngen, joech er har it boadskip foar de kening mei dat it bêd dêr't er no yn lei ek syn stjerbêd wurde soe. Dêrnei stjoerde de kening oant trije kear ta in ofsier mei 50 man der op út om Elía op te pakken, mar it slagge harren net om Elía te gripen. De earste twa kear waarden de manskippen fertard troch fjoer en fan it tredde fyftichtal gyng de ofsier foar Elía lizzen om it libben fan him en syn manlju te sparjen. Elía waard troch de ingel ynjûn net benaud te wêzen en mei dizze ofsier nei de kening te gean. Dêr spriek de profeet nochris de wurden dat de kening net mear út bêd wei komme soe en dat er gau stjerre soe om't er de God fan Israel ferlitten hie.[3]
Kening Achazja stoar, neffens de Bibel krekt sa't de Heare troch Elía sein hie. Hy wie mar twa jier kening en hie gjin soan dy't him opfolgje koe. Dêrom folge syn jongere broer Joaram Achazja as kening fan Israel op.[4]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |