Springe nei ynhâld

Jojakin fan Juda

Ut Wikipedy
Jojakin fan Juda
Jekonja, kening fan Juda
Jekonja, kening fan Juda
Persoanlike gegevens
alternative nammenJekonja
berne± 615 f.Kr.
ferstoarn± 598 f.Kr.
stjerplakyn ballingskip yn Babel
(2 Ken. 25:27–30)
leeftyd18 jier by syn troansbestiging
(2 Ken. 24:8)
folkJudeesk
Famylje
heitJojakim
memSebûdda, dochter fan Pedaja fan Rûma
partner(s)ferskillende froulju, nammen net bekend
(2. Ken. 24:15)
bernSjeältiël, Malkiram, Pedaja, Sjênasser, Jekamja, Hosjama, Nedabja
(1. Kron. 3:17)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade598 f.Kr.
bekend fanôfsetten troch Nebûkadnêzer; Babyloanyske ballingskip
neamd yn2 Keningen 24:6–17; 25:27–30;
2 Kroniken 36:9–10;
Jeremia 22:24–30; 37:1–2; 52:31–34
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Jojakin (Hebriuwsk: יְהוֹיָכִין; "God befêstiget") folge om 598 f.Kr. hinne syn heit Jojakim op as kening fan Juda. De opfolger fan Jojakin wie Sedekía.

Nei't kening Jojakim wegere noch langer tribút te beteljen oan 'e Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II, stjoerde dy syn leger op Juda ôf. Noch foardat it Babyloanyske leger de haadstêd Jeruzalim omsingele, stoar de Judeeske kening. Syn soan Jojakin folge him op. It bibelboek 2 Kroniken ynformearret dat Jojakin doe acht jier wie, mar dat liket in skriuwfout te wêzen. It bibelboek 2 Keningen en de Syryske ferzje fan 2 Kroniken 36:9 neame in âldens fan 18 jier. Dat slút oan op in Babyloanyske boarne, dêr't út bliken docht dat Jojakin seis jier letter fiif soannen hie.

It regear fan Jojakin duorre mar trije moannen en tsien dagen en hy folge syn heit yn it tsjinjen fan frjemde goaden.

Doe't it leger fan Nebûkadnêzer foar de poarten fan Jeruzalim ferskynde, joech Jojakin him oer. Nei it ynnimmen fan 'e stêd waard Jojakin troch Nebûkadnêzer ôfset en mei oare leden fan 'e boppelaach en middenstân fan 'e Judeeske mienskip meifierd nei Babyloanje. Allinnich de earmste ynwenners mochten yn Jeruzalim wenjen bliuwe. Nebûkadnêzer hold Jojakin sânentritich jier yn Babel finzen.

Kening Ewil-Merodak joech Jojakin graasje yn it ramt fan syn troansbestiging. De rest fan syn libben makke Jojakin diel út fan it hôf fan Ewil-Merodak en foar syn ûnderhâld krige er in libbenslange útkearing.[1][2][3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 24:8-16
  2. 2 Keningen 25:27-30
  3. 2 Kroniken 36:9-10
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje