Springe nei ynhâld

Oezzia fan Juda

Ut Wikipedy
Oezzia
Oezzia (Azarja), kening fan Juda
Oezzia (Azarja), kening fan Juda
Persoanlike gegevens
alternative nammenAzarja
berteplakJeruzalim (2 Kron. 26:1)
stjerplakoan lepra yn Jeruzalim (2 Kron. 26:20)
leeftyd16 jier by syn troansbestiging
(2 Kron. 26:1)
folkJudeesk
Famylje
heitAmasja fan Juda
memJekolja (2 Ken. 15:2)
partner(s)Jerûsa (2 Ken. 15:33)
bernJotam
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade± 767 - 740 f.Kr.
bekend fanlang regear; lepra; militêre en religieuze hervormingen
neamd yn2 Keningen 15:32–38;
2 Kroniken 26
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Oezzia (Hebriuwsk: עוזיהו; ek (yn it bibelboek 2 Keningen 15) Azarja neamd) wie kening fan it keninkryk Juda fan ±811 f.Kr. oant 759 f.Kr.

Oezzia waard yn 'e âldens fan sechtjin jier kening fan it ryk en regearre likernôch 52 jier. De profeet Sekarja hie grutte ynfloed op 'e kening en sa lang't de profeet libbe die de kening "sa't de Heare it hawwe woe". Kening Oezzia hie in soad oansjen, hy ûnderhold in goede relaasje mei kening Jerobeäm II, wûn oarloggen tsjin de Filistinen, Arabieren en Meûniten en wist syn lân sterk te meitsjen troch it ferbetterjen fan 'e muorren om Jeruzalim hinne en de bou fan wachttuorren yn 'e woastyn. Ek modernisearre de kening it leger, dat er útriste mei wapens. Foar de tuorren fan Jeruzalim liet Oezzia fernimstige masjines ûntwerpe, om oer grutte ôfstân pylken en stiennen fuort te slingerjen. Kening Oezzia boude Elat wer op en foege it plak wer by syn ryk. De kening seach it belang yn fan it boerebedriuw en liet ferskate foarsjennings oanlizze om 'e lânbou te ferbetterjen.[1]

De macht en it oansjen brochten lykwols heechmoed en dêrmei de fal fan 'e kening. Ienris waard er de timpel útjage troch wol tachtich prysters, doe't er tsjin 'e regels yn hannelingen yn 'e timpel die, dy't allinnich foar prysters tastien wiene. Neffens de Skrift waard syn heechmoed straft mei in akute foarm fan melaatskens. De kening mocht nea wer yn 'e timpel komme en hy moast oant syn dea yn in apart hûs bûten de stêd ferbliuwe.

Syn soan Jotam naam yn 'e tiid fan 'e sykte fan 'e kening it bestjoer fan it lân waar en folge him nei syn dea as kening op. Om't de kening melaatsk wie waard er net lykas wenst yn 'e Davidstêd begroeven, mar op in stikje grûn dat fan it Hûs fan David wie.[2]

Stien fan Oezzia

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Oezzia-stien.

De Israelyske professor Eleasar Sukenik fan 'e Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim ûntduts yn 1931 yn in Russysk-otterdoks Himelfeartkleaster op 'e Oliveberch in stien, dy't no bekend is ûnder de namme Oezzia-stien en in plak krige hat yn it Israel-Museum yn Jeruzalim. De ynskripsje fan 'e stien is skreaun yn 'e Arameeske styl fan likernôch sânhûndert jier nei it ferstjerren fan kening Oezzia fan Juda. Oerset wol de ynskripsje sizze:

"Hjirhinne binne de bonken fan Oezzia brocht, kening fan Juda. Net iepenje". It is net dúdlik oft de stien yndied in diel wie fan 'e tombe fan kening Oezzia of dat de stien letter makke is. Mooglik waard de kening yn 'e tiid fan 'e Twadde Timpel op 'e nij begroeven.[3][4]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 26:1-15
  2. 2 Kroningen:16-23
  3. christipedia.nl
  4. bible-history.com
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje