Jerobeäm II fan Israel
| Jerobeäm II | ||
| Jerobeäm II, kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Jeroboäm II | |
| berteplak | net neamd yn 'e Bibel | |
| stjerplak | Samaria (2 Ken. 14:29) | |
| folk | Israëlysk | |
| Famylje | ||
| heit | Joäsj fan Israel (2 Ken. 14:23) | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | Sekarja fan Israel; oare nammen net oerlevere (2 Ken. 14:29) | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 782 - 753 f.Kr. | |
| bekend fan | territoriale útwreiding fan Israel; wolfeart; religieuze krityk | |
| neamd yn | 2 Keningen 14:23–29; Amos; Hoséa 1:1 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Jerobeäm II (Hebriuwsk: ירבעם, Gryksk: Ιεροβοάμ; Latynk: Jeroboam) folge yn it jier ± 786 f.Kr. Joäsj op as kening fan it Noardryk Israel en regearre oant ± 746 f.Kr. oer it lân.
Om't Syrje, dat grutte dielen fan Israel ferovere hie, yn ferfal wie, slagge it Jerobeäm II om de âlde grinzen fan Israel te herstellen en sels noch út te wreidzjen. Under it regear fan Jerobeäm makke Israel in tiidrek mei fan rêst en bloei. De profeten Hoséa, Amos en Jona warskôgen lykwols tsjin de ûnseedlikens, de goddeleazens en de sosjale misstannen en ûngelikensens.
Krekt as oare keningen fan Israel folge Jerobeäm net de wei fan 'e God fan Israel. De Skrift skriuwt dat er net "ôfwykte fan de sûnden, dêr't Jerobeäm, de soan fan Nebat, Israel ta brocht hie".[1]
De profeet Amos foarsei dat Jerobeäm II mei it swurd ombrocht wurde soe.[2] Nei syn dea folge syn soan Sekarja him op as kening.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |