Springe nei ynhâld

Achaz fan Juda

Ut Wikipedy
Achaz fan Juda
Achaz, kening fan Juda
Achaz, kening fan Juda
Persoanlike gegevens
berteplakJeruzalim (ymplisyt)
stjerplakJeruzalim (2 Kron. 28:27)
leeftyd20 jier by syn troansbestiging (2 Ken. 16:2)
folkJudeesk
Famylje
heitJotam
memJerûsa (2 Ken. 15:33)
partner(s)Aby (2 Ken. 18:2)
bernHizkía; oare bern (nammen net neamd) (2 Kron. 28:3)
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Juda
perioade± 732- 716 f.Kr.
bekend fanôfgoaderij; berne-offers; ûnderwerping oan Assyrje
neamd yn2 Keningen 16;
2 Kroniken 28;
Jesaja 7–8
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Achaz (Hebriuwsk: אָחָז, "hâldt fêst") folge Jotam op as kening fan it keninkryk Juda. Achaz wie tweintich doe't er kening waard en regearre it lân sechtjin jier.

Yn 'e tiid dat Achaz kening waard, foel kening Pêkach en kening Rezin fan Aram it lân binnen, nei't er earder wegere hie in koälysje mei harren tsjin it Assyrje fan Tiglat-Pilêser te foarmjen. Neffens de Skrift hie de ramp dy't oer Juda kaam alles te meitsjen mei it ferearjen fan 'e ôfgoaden troch Achaz. Hy liet bygelyks bylden foar de Baäls jitte, brocht offers oan 'e Kanaänityske goaden en gyng sels safier dat er syn eigen soan de fjoerwijing liet ûndergean.

Om't de kening him sa ôfkeard hie fan 'e God fan Israel, joech de Heare him yn 'e macht fan 'e Arameeërs. Juda waard plondere, mar Jeruzalim waard net ynnommen. Achaz' posysje rekke noch fierder ferswakke nei't ek noch ris de Edomiten en de Filistinen it lân ynfoelen en yn Juda hûsholden. Achaz socht help by de kening fan Assyrje, itjinge him it al it sulver en goud fan 'e timpel en it paleis koste. Tiglat-Pilêser grypte militêr yn, ferovere Damaskus en brocht kening Resin om. Yn it jier 722 f.Kr. foel Assyrje ek it Noardryk Israel binnen en foege it by it Assiryske ryk.

Heidensk offer fan kening Achaz.

Kening Achaz reizge letter nei Damaskus om Tiglat-Pilêser hulde te bringen en liet dêrnei yn Jeruzalim de timpel oanpasse oan 'e ferearing fan 'e goaden fan Assyrje, om it de kening fan Assyrje sa goed mooglik nei't sin te meitsjen. Achaz joech ek opdracht om yn alle stêden fan Juda offerhichten op te smiten om de goaden fan Damaskus rûkoffers te bringen.

Achaz stoar yn 'e âldens fan 36 jier en waard opfolge troch syn soan Hizkía.[1][2][3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bibelboek 2 Keningen 16
  2. Bibelboek 2 Kroniken 28
  3. Bibelboek Jesaja 7-9
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje