Springe nei ynhâld

Pêkach fan Israel

Ut Wikipedy
Pêkach fan Israel
Pêkach, kening fan Israel
Pêkach, kening fan Israel
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
stjerplakfermoarde yn Samaria
(2 Ken.15:30)
folkIsraëlysk
Famylje
heitRemalja (2 Ken. 15:25)
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernnet neamd yn 'e Bibel
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
perioade740 - 732 f.Kr.
bekend fanSyro-Efraïmyske oarloch; alliânsje mei Aram; Assyryske ynfallen
neamd yn2 Keningen 15:25–31;
Jesaja 7–8
religieuze tradysjejoadedom; kristendom

Pêkach (Hebriuwsk: פֶּקַח ("mei iepen eagen"); Latynsk: Phacee) wie kening fan it Noardryk Israel. Syn keningskip duorre fan ± 737 f.Kr. oant 732 f.Kr.

Pêkach wie de soan fan in sekere Remalja en wurke as adjudant yn it leger fan kening Pekachja. Hy sette mei help fan fyftich man út Gileäd Pekachja as kening ôf, deade him en naam it plak fan him as kening oer.[1]

Doe't kening Resin fan Aram (Damaskus) in bûn mei Pêkach slúte tsjin kening Achaz fan Juda ferlear Achaz gebiet, mar socht stipe by Tiglat-Pilêser fan Assyrje.[2] Tiglat-Pilêser harke nei Achaz en stjoerde syn leger nei Israel. De Assyryske kening liet kening Resin ombringe, besette meardere stêden en liet de befolking nei Assyrje deportearje.

Letter waard Pêkach sels ek slachtoffer fan in gearspanning, doe't Hosjéa de macht pakte en Pêkach deadzje liet. Neffens it bibelboek 2 Keningen hat Pêkach twintich jier regearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 15:25
  2. 2 Keningen 16:5-6
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje