Hosjéa fan Israel
| Hosjéa fan Israel | ||
| Hosjéa, lêste kening fan Israel | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Hoséa | |
| folk | Israelitysk | |
| Famylje | ||
| heit | Ela | |
| mem | net neamd yn 'e Bibel | |
| partner(s) | net neamd yn 'e Bibel | |
| bern | gjin melding fan bern | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Israel | |
| perioade | 732 - 722 f.Kr. | |
| bekend fan | fal fan Samaria; ein fan it keninkryk Israel | |
| neamd yn | 2 Keningen 15:30; 17:1–6; 18:9–12 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Hosjéa (Hebriuwsk: הושע, Latynsk: Osee, "help") wie de alderlêste kening fan it keninkryk Israel. Syn regear wurdt datearre op 732 f.Kr. oant 722 f.Kr.
Neffens de Tenach kaam Hosjéa as kening oan 'e macht troch in gearspanning tsjin syn foargonger Pêkach. It bibelboek 2 Keningen 15:30 skriuwt dat Hosjéa Pêkach fermoarde en dêrnei de troan oernaam. Yn in oare, net-bibelske boarne, liet de Assyryske kening Tiglat-Pilêser III him der op foarstean dat hy it wie dy't Pêkach fan 'e troan stjitte en Hosjéa as de opfolger oanwiisde.
Hosjéa regearre njoggen jier oer it lân. Op it mêd fan ôfgoaderij oardielt de Bibel mylder oer Hosjéa as oer oare keningen fan Israel troch oan 'e sin "Hy die ferkeard yn 'e eagen fan 'e Heare" ta te foegjen: "mar net sa slim as syn foargongers".[1]
Kening Hojséa regearre it lân yn grutte ôfhinklikens fan Assyrje. It lân moast oan 'e kening fan Assyrje in heech tribút betelje. Nei't Salmanassar V syn heit Tiglat-Pilêser III opfolge, besocht Hosjéa help te sykjen by kening So fan Egypte. Hosjéa koe it tribút net mear opbringe en wegere dit noch langer te beteljen oan Assyrje. Fan Egypte kaam lykwols gjin help. Doe't kening Salmanassar fernaam dat Hosjéa by de fijân help socht, foel dy it lân binnen en naam kening Hosjéa finzen. De stêd Samaria bleau noch trije jier lang ferset bieden, mar moast lang om let ek belies jaan. Oer wat der úteinliks fan Hosjéa telâne kaam, is fierders neat optekene.[2]
De Israeliten waarden nei de anneksaasje troch Assyrje foar in grut part deportearre nei oare dielen yn it Assyryske ryk en de ûntfolke stêden fan Samaria liet Salmanassar troch kolonisten út Babel Kûta, Awwa, Hamat en Sefarvaïm ynnimme.[3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |