Herodes de Grutte

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heroades de Grutte)
Herodes de Grutte
Herodes I
aadlik persoan en/of hearsker
Ofbyld fan Herodes de Grutte
Ofbyld fan Herodes de Grutte
nasjonaliteit Joadsk
bertedatum om 72 f.Kr. hinne
berteplak Idumeä
stjerdatum maart, april 4 f.Kr. (neffens Schürer
jannewaris, april 1 f.Kr. tradisjoneel
stjerplak Jericho, Judeä
etnisiteit Edomitysk
Fazalkening fan Judeä
amtsperioade 37 f.Kr. - 4 f.Kr. neffens Schürer
36 f.Kr. - 1 f.Kr. tradisjoneel
foargonger Antigonus II Mattatias
opfolger Herodes Archelaus
Herodes Antipas
Filipus de Tetrarch
Salome I
Koperen munten mei de ynskripsje "ΒΑΣΙΛΕΩΣ ΗΡΩΔΟΥ" ("Basileōs Hērōdou") oan de foarkant

Herodes I (Hebriuwsk: הוֹרְדוֹס‎, Modern: Hordos, Tiberiaansk: Hōreḏōs; Koinē Gryksk: Ἡρῴδης Hērǭdēs), om 72 f.Kr. hinne – 4 of 1 f.Kr., ek bekend as Herodes de Grutte wie in Romeinske fazalkening fan Judeä. Hy waard ferneamd om syn grutte bouwurken yn Judeä, sa as bygelyks it ferbouwen fan de Twadde Timpel yn Jeruzalim, it útwreidzjen fan de Timpelberch nei it noarden, de Grot fan de Patriarchen by Hebron, it bouwen fan de haven yn Caesarea Maritima, de boargen by Masada en Herodium. In wichtige boarne dy't oer syn libben oerlevere is, is it wurk fan de Joadske skriuwer Flavius Josefus. Herodes wurdt ek neamd yn it evangeelje fan Mattéus yn it Nije Testamint as de kening fan Judeä, dy't de bernemoard yn Betlehim hiet yn de tiid fan de berte fan Jezus, hoewol't in mearderheid fan skiedkundigen net leauwe dat dat foarfal wier barde. Skiedkundigen binne ferdield oer syn neilittenskip. Guon sjogge syn hearskippij as in súkses en oaren sjogge it as in wrede tyranny.

Nei Herodes syn dea ferparten de Romeinen syn keninkryk ûnder syn trije soannen en syn suster: Herodes Archelaus waard etnarch fan Judeä, Samaria en Idumeä; Herodes Antipas waard tetrarch fan Galileä en Pereä; Filipus de Tetrarch krige gebieten benoarden en beëasten de Jordaan en Salome I krige it gea mei de stêden Javne, Asdod en Phasaelis.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herodes waard berne om 72 f.Kr. hinne yn Idumeä, in regio dy't besuden Judeä leit. Hy wie de twadde soan fan Antipater de Idumeeër, dy't in hege amtner wie ûnder etnarch Hyrkanus II, en Sypros, in Nabateeske Arabyske. Herodes syn heit wie fan Edomitysk komôf, wêrfan't syn foarâlden ta it joadendom bekearden. Hja foarmen de mearderheid fan de befolking yn westlik Judeä, dêr't hja harsels mei de Judeeërs mingden en harren gewoanten oernamen.

Herodes syn heit Antipater hie in goede relaasje mei Julius Caesar, dy't him de publike saken yn Judeä tabetroude. Antipater syn âldste soan, Fasael, waard lânfâd fan Jeruzalim, en Herodes waard om 47 f.Kr. hinne as lânfâd yn Galileä oansteld. Hy wist dêr in soad belestingynkommen foar de Romeinske Senaat wei te heljen en hy pakte banditen mei súkses hurd oan. Yn dy tiid krige er in goede relaasje mei Sekstus Julius Caesar, dy't de lânfâd fan de Romeinske provinsje Syrje wie en dy't Herodes as generaal fan Koelesyrje en Samaria oanstelde. Sa waard Herodes syn machtsgebiet útwreide. Hy hie in soad niget oan de stipe dy't er fan Rome krige, mar dat noaske de Joadske Sanhedrin net.

Yn 41 f.Kr. waarden Herodes en syn broer Fasael as tetrargen oansteld troch de Romeinske lieder Markus Antonius, om't hja kening Hyrkanus II stypje moasten. Antigonus, de omkesizzer fan Hyrkanus, naam de troan ôf fan syn omke mei help fan de Parten. Herodes flechte nei Rome en freegje de help fan de Romeinen om Hyrkanus II wer oan de macht te helpen. De Romeinen hiene in grutte ynfloed yn Judeä, nei't generaal Pompejus Jeruzalim yn 63 f.Kr. oermastere hie by it Belis fan Jeruzalim. De Romeinske Senaat stelde Herodes frij hurd as kening fan Judeä oan, sa om 40 f.Kr. hinne. Herodes gie doe wer werom nei Judeä om syn keninkryk fan Antigonus ôf te pakken. Dêr boaske er mei Mariamne (bekend as Mariamne I), dy't in pakesizzer fan Hyrkanus II wie en dus ek in omkesizzer fan Antigonus wie. Herodes die dat om de geunst by de Joaden te winnen, dochs hie er lykwols al in frou, Doaris en in jonge soan, Antipater, mar dy ferballe er beide dêrnei.

Yn 37 f.Kr. tôgen Herodes en Sosius, de lânfâd fan Syrje, yn opdracht fan Markus Antonius, mei in grut leger nei Jeruzalim en oermasteren de stêd. Herodes stjoerde Antigonus nei Rome om him dêr troch Markus Antonius terjochtsteld te wurden. Fan dat stuit ôf naam Herodes de titel basileus (Βασιλεύς, "kening") oan foar himsels en sette dêrmei mei de Herodiaanske dynasty útein, en dêrmei einige de Hasmoneeske dynasty.

Guon leauwe dat Herodes en syn famylje ta it joadendom bekeard wiene, mar twivelje oan syn ynset foar de Joadske maatskippij. Doe't Jehannes Hyrkanus de regio Idumeä (Edom fan de Hebiuwske Bibel) yn 140-130 f.Kr. oermastere, ferplichte er alle Idumeeërs de Joadske wet oan te nimmen en as se dat net dwaan woene, moasten se it lân ferlitte. Dus de measte Idumeeërs bekearden harren ta it joadendom, en in soad fan harren boasken mei Joaden en namen harren gewoanten oer. Wylst Herodes himsels as Joad identifisearre, karden in soad Joaden him en syn dekadinte libbensstyl ôf.

Herodes liet letter ek in stikmannich famyljeleden fan him ombringe, sa as syn frou Mariamne I.

Keningskip yn Judeä[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ryk fan Herodes de Grutte

Doe't Herodes oan de macht kaam, bruts der in nij tiidrek oan yn Judeä. It lân wie in selsstannich keninkryk ûnder de Hasmoneeërs fan 140 f.Kr. oant 63 f.Kr. Dêrnei mochten de Hasmoneeërs harren titel as kening hâlde, mar waard Judeä in fazalsteat fan Rome nei't it troch Pompejus oermastere waard. Herodes fersloech de Hasmoneeër Antigonus nei in trije jier lange kriich tusken 37 en 34 f.Kr. Dêrnei hearske er as in Romeinske fazal oant syn dea ta om 4 f.Kr. hinne. Hy waard opfolge troch syn soannen en stifte suver syn eigen saneamde Herodiaanske dynasty.

Herodes krige de titel "kening fan Judea" fan de Romeinske Senaat, en waard dus in fazal fan it Romeinske Ryk. Der waard dan fan him ferwachte dat er opkaam foar de Romeinske belangen. Nettsjinsteande krige Herodes , nei't er oan de macht kaam, drigings fan twa kanten. De earste driging kaam fan syn skoanmem Aleksandra, dy't besocht de macht fan har famylje, de Hasmoneeërs, dy harren dynasty troch Herodes yn 37 f.Kr. omsmiten waard, werom te bringen. Yn itselde jier boaske Kleopatra mei de Romeinske lieder Markus Antonius. Om't Kleopatra mooglik ynfloed oer Antonius hie, besocht Aleksandra foar har help om de Hasmoneeër Aristobulus III as hegepreester te meitsjen. Aleksandra krige in andert op har fersyk en Kleopatra trune der by har op oan om mei Aristobulus Judeä te ferlitten om Antonius te moetsjen. Herodes waard op de hichte brocht fan it komplot en krige noed dat as Aristobulus mei Antonius moetsje soe, dat dy Aristobulus wolris as kening fan Judeä beneame koe. Yn 35 f.Kr. hiet Herodes de moard op Aristobulus, en einige dêrmei de earste driging. It houlik fan Markus Antonius mei Kleopatra late ek ta in machtstriid tusken de Romeinske lieders Oktavianus, de lettere keizer Augustus, en Antonius. Herodes, dy't in fazal fan Rome wie, moast kieze tusken dy twa, en hy keas foar Antonius. Yn 31 f.Kr. yn de Slach by Aktium fersloech Oktavianus Markus Antonius, en doe foarme Oktavianus in twadde driging foar Herodes syn hearskippij. Herodes moast dus Oktavianus efter him sjen te krijen as der syn troan hâlde woe. Yn 31 f.Kr. op Rodos ûnthiet Herodes, troch syn fermogen om Judeä iepen te hâlden as in trochgong foar de Romeinen nei de rykdommen yn Syrje en Egypte, dat er trou wêze soe oan Oktavianus. Herodes bleau oer syn ûnderdienen hearskjen sa't er mar dwaan woe. Nettsjinsteande de selsstannigens, dy't er tabetroud waard, waard him relaasjes mei oare keninkriken beheind.

De stipe dy't Herodes fan Rome krige wie fan grut belang om syn macht te hâlden. Der besteane ferskillen fan miening oer Herodes syn hearskippij. Yn de Joadske Kriich waard Herodes troch de Joadske skriuwer Flavius Josefus posityf, of alteast krige er it foardiel fan de twivel, neamd, mar yn de Joadske Aldheden komt de tyranny fan Herodes, dy't troch in soad skiedkundigen erkend waard, oan it ljocht.

De wrede hearskippij fan Herodes kaam oan it ljocht troch de manier dêr't er it minachtsjen fan syn ûnderdienen oer him, benammen de Joaden, ûnderdrukte. Guon binne fan miening dat Herodes in geheime plysje hie dy't sjen moast hoe't de befolking foar him oer stie. Hy ferbea protesten en ferwidere tsjinstanners mei geweld. Hy hie in liifwacht fan wol twatûzen soldaten.

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Timpelberch yn de tiid fan Herodes

Herodes joech in soad jild út oan ferskate bouwurken en oan geskinken sa as bygelyks oan Rome. Syn bouwurken wiene tige grutte projekten. Hy sette útein mei it útwreidzjen fan de Timpelberch, dêr't in part hjoed-de-dei noch fan de westmuorre is. Herodes brûkte ien fan de meast nijmoadrige techniken fan dy tiid, sa as semint, by it bouwen fan de haven fan Caesarea Maritima. Hy liet grutte boargen bouwe, sa as Masada, Herodium, Aleksandrium, Hyrkania en Machaerus. Syn warberens foar it bouwen feroare it oansjen fan Judeä, dochs it bouwen wie ynearsten foar syn eigen goederbêst dien, sa as bygelyks de boargen dêr't er en syn famylje yn skûlje koene as in opstân útbrekke soe. Troch syn projekten hoopte er stipe fan syn joadske ûnderdienen te krijen en syn oansjen ferbetterje te litten. Herodes liet Sebaste en oare heidenske stêden bouwe om ek stipe fan de reedlik grutte heidenske befolking te krijen. Om finansiering foar de bouwurken te krijen, brûkte Herodes in Hasmoneeske belestingsysteem dy't de Joadske befolking swier trof. Nettsjinsteande joegen dy projekten wurkgelegenheid en foarsjennings foar de befolking, sa as bygelyks stipe foar in hongersneed yn 25 f.Kr.

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herodes besocht ferskate kearen it goedkarren te krijen neffens Joadske wet, mar der wiene mear foarfallen as net dat er dêr ûngefoelich foaroer stie, sa't it beskreaun stie yn de Joadske Aldheden fan Josefus. Yn Jeruzalim befoardere er ferdivedaasje om utens en liet in gouden earn sette by de yngong fan de Timpel, ta argewaasje fan de Joaden. Ek it heffen fan syn belestings skeaten de Joaden yn it ferkearde kielgat. Ek it hieltyd noed hawwen oer syn reputaasje, dêr't er gauris grutte geskinken útjoech en dêrmei de skatkiste fan it keninkryk leechmakke, noasken de Joaden net. De twa wichtichste Joadske groepen, de Fariseeërs en Sadduseeërs, lieten beide harren tsjinstân ta Herodes hearre. De Fariseeërs wiene net wiis mei hoe't Herodes mei harren easken omgie dy't it bouwen fan de Timpel oanbelangen. De Sadduseeërs, dy't nau besibbe wiene oan de preesterlike ferantwurdlikens yn de Timpel, wiene tsjin Herodes syn beneamen fan preesters om utens, sa as dy fan Babyloanje en Aleksanderje. Hy besocht dêrmei om de Joadske Diaspora temjitte te kommen. Letter waard Herodes mistrouwich foar eltsenien oer. Hege Joadske amtners hiene de kâns fertocht te wurden en hy liet guon fan syn froulju en trije fan syn soannen ombringe. Keizer Augustus hearde dêroer en moat sein hawwe: "Kinst better ien fan Herodes syn bargen wêze as ien fan syn soannen". Nei syn dea brutsen der grutte opstannen en rebûljes út yn ferskate stêden, sa as yn Jeruzalim, doe't de opkroppe wrok ta einbeslút ûntplofte. Dy rebûljes joegen by de Joaden hope dat it Romeinske gesach yn Judeä ris omsmiten wurde soe.

Herodes yn it Nije Testamint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bernemoard yn Betlehim troch Matteo di Giovanni.
De Wikipedy hat ek in side Bernemoard yn Betlehim.

Herodes komt foar yn it evangeelje fan Mattéus, dêr't in foarfal yn beskreaun wurdt dat bekend stiet as de bernemoard yn Betlehim. Neffens it evangeelje kamen der Wizen út it Easten, dy't nei de berte fan Jezus ta woene, by Herodes en witte woene wêr't de nije "kening fan de Joaden" berne waard, om't hja in stjer yn it easten skinen sjoen hiene. Hja woene him hulde dwaan. Herodes, dy't de kening fan de Joaden wie, waard erchtinkend en hy hiet de hegepreesters byinoar en frege harren wêr't de "Salvling" (de Messias, Gryksk: Ὁ Χριστός, ho Christos) berne wie. Hja anderen: yn Betlehim wêrby't hja nei Micha 5:2 ferwiisden. Herodes stjoerde harren dêrnei nei Betlehim ta en hiet harren by him werom te kommen en it him te fertellen "hoe't it mei it jonkje sit, sada't ik dêrhinne kin om Him hulde te dwaan". Nei't de Wizen Jezus fûn hiene, waarden se yn in dream warskôge en gean net werom nei Herodes. Tagelyk waard Joazef yn in dream warskôge dat Herodes fan doel wie en deadzje Jezus, dus ferfearen hy en syn hûshâlding nei Egypte. Doe't Herodes derefter kaam dat er it nijier ôfwûn wie, hiet er dat alle jonkjes fan twa jier en jonger yn Betlehim en omkriten ombrocht wurde moasten. Joazef en syn hûshâlding ferbleaune yn Egypte oant Herodes ferstoar en dêrnei giene se werom nei Nazaret yn Galileä.

De measte deskundigen, en mooglik ek de measte teologen, leauwe dat it ferhaal yn it evangeelje fan Mattéus net wier bard wie. Boarnen om utens fan dy tiid, lykas Herodes syn freon en persoanlike skriuwer, Nikolaas fan Damaskus, jouwe ek gjin befêstiging fan it foarfal yn it evangeelje. Ek wurdt it net neamd yn it evangeelje fan Lukas.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Munten fan Herodes de Grutte
De ferdieling fan Herodes syn keninkryk:
Blau: it gebiet fan Archelaus
Pears: it gebiet fan Herodes Antipas
Ljochtbrún: it gebiet fan Filippus
Rôs: it gebiet fan Salome I

Herodes ferstoar yn syn winterpaleis yn Jericho nei in net te fernearen pynlike sykte. Josefus sei dat Herodes besocht hie himsels, foar syn dea, tekoart te dwaan troch himsels te stekken, mar dat waard tefoaren kaam troch syn omkesizzer Achiabus. Measte skiedkundigen folgje Emil Schürer syn berekkenings dat Herodes syn stjerjier 4 f.Kr. wie. Dat is trije jier earder as de tradisjonele berekkening dy't syn stjerjier yn 1 f.Kr. hie. Twa fan Herodes syn soannen, Archelaus en Filippus de Tetrarch, begûnen harren hearskippij yn 4 f.Kr., hoewol't Archelaus syn hearskippij al ûnder Herodes syn hearskippij begûn, faaks as meikening. Filippus soe 37 jier hearskje oant syn dea yn de tweintichste jier fan it regear fan keizer Tibearius, yn 34 n.Kr. Dat makket it begjin fan syn regear yn 4 f.Kr. Neffens Josefus gie der in moannefertsjustering, justjes foar Pesach, oan syn dea foarôf. Dat wie nei alle gedachten op 13 maart 4 f.Kr., 29 dagen foar Pesach.

Skiedkundigen binne it deroer iens dat Herodes oan depresje en paranoia lijde. Josefus sei dat Herodes grutte noed hie dat net ien om syn dea rouje soe, dus hy hiet in kliber ferskiljende manlju nei Jericho te kommen en hy oardere dat dy ombrocht wurde moasten op it stuit fan syn ferstjerren, sa't der rou wêze koe. Syn soan Archelaus en syn suster Salome ferfollen syn winsk lykwols net.

Opfolgers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keizer Augustus kaam de wil fan Herodes nei en ferpartsje Herodes syn keninkryk ûnder syn trije soannen. Augustus erkende Herodes Archelaus as etnarch fan Judeä, Samaria en Idumeä, dat de tetrargy fan Judeä waard. Yn 6 n.Kr. ferklearre Augustus dat Archelaus net geskikt wie te regearjen en sette him ôf. De provinsjes Samaria, Judeä en Idumeä waarden gearfoege ta de Romeinske provinsje Judeä (Iudaea). Dy nije provinsje waard regearre troch in lânfâd (prefekt) oant it jier 41 n.Kr.

Herodes Antipas waard tetrarch fan Galileä en Pereä fan Herodes syn dea ôf oant 39 n.Kr. doe't er ôfsetten en ferballe waard. Filippus de Tetrarch waard tetrarch fan gebieten benoarden en beëasten de rivier de Jordaan oant syn dea ta yn 34 n.Kr.

Grêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loftfoto fan Herodium fanút it súdwesten
De yn Herodium fûn sarkofaach, no yn it Israel-Museum yn Jeruzalim

Herodes waard begroeven yn Herodium, ien fan syn paleizen.

Op 8 maaie 2007 makke de archeolooch Ehud Netzer fan de Hebriuwske Universiteit yn Jeruzalim buorkundich dat it grêf fan Herodes by opgravings yndie fûn waard by Herodium, tichteby de Joadske delsetting Gush Etzion, en sa'n 12 kilometer besuden Jeruzalim. Yn it grêf waard in yn mear as 100 stikken brutsen sarkofaach fûn dy't mooglik om 66 en 71 n.Kr. hinne, yn de Joadske Opstân, skansearre rekke.

Houliken en bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herodes hie op syn minst tsien froulju, dêr't er in soad soannen en famkes by krige. Flavius Josefus neamt de folgjende froulju fan Herodes:

  • Doaris, in Idumeesk frommes dêr't Herodes mei boaske wie ear't er kening waard. Mei har krige er Antipater, dy't er justjes foar syn dea ombringe liet, om't er him fertocht hie fan in gearspanning. Hy ferballe Doaris en Antipater yn 40 f.Kr. doe't er mei Mariamne boaske.
  • Mariamne I, in Hasmoneeske prinsesse, in teener doe't er har yn 40 f.Kr. boaske doe't er kening waard. Nei it fertinken fan gearspannen troch syn suster Salome I, liet er Mariamne I ta dea feroardiele yn 29 f.Kr.. Mariamne har soannen, Aleksander en Aristobulus, dy't troch harren Hasmoneesk komôf populêr wiene, waarden yn 7 f.Kr. ek terjochtsteld.
  • Mariamne II, de dochter fan Simon ben Boetus dy't ta hegepreester beneamd waard. Mariamne hie ien soan: Herodes II. Herodes ferstjitte har yn 4 f.Kr. om't hja fan it gearspannen fan Antipater ôf wist.
  • Malthase, út in Samaritaanske famylje. Har soannen Herodes Archelaus en Herodes Antipas krigen nei Herodes syn dea beide it bestjoer oer in wichtich part fan Herodes syn ryk. Fierder krige Herodes mei Malthase in dochter, Olympias.
  • Kleopatra, ôfkomstich út in wichtige famylje yn Jeruzalim. Har soan Filippus krige nei Herodes syn dea it bestjoer oer de noardeastlike parten fan it ryk.
  • Pallas, mei har krige er in soan dy't er Fasael neamde, nei syn ferstoarne broer.
  • Phaedra, mei har krige er in dochter, Roxanne.
  • Elpis, mei har krige er in dochter, Salome.
  • 2 nichten fan Herodes, dêr't de nammen net fan neamd waarden. Beide hiene gjin bern.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.