Romeinske Senaat

Ut Wikipedy
Skilderij fan Cesare Maccari (1840-1919), Cicero klaget Catiline oan

De Romeinske senaat (Latyn: senatus, dat betsjut 'ried fan de âldsten') wie yn Rome in kolleezje fan 100 oant 900 senatoaren, dy't as taak hienen it steatshaad te assistearjen by it bestjoer fan it lân en dy't meastentiids magistraten wienen. De senatoaren waarden earst keazen troch de konsuls, en letter troch de sensoren. It Latynske wurd foar senaat, Senatus is ôflaat fan senex, dat 'âlde man' ynhâld.

De senaat stammet út de tiid fan de Romeinske monargy doe't it fungeare as advysorgaan foar de keningen en is nei it ferdriuwen fan de keningen yn de 5e iuw f.Kr. bestean bleaun oant sels de ein fan it Romeinske Imperium. Yn de Republyk hie de senaat net formeel, mar wol feitlik de lieding fan de Romeinske steat. Yn de keizerstiid wie de Senaat allinnich noch in sprekbuis fan de keizer.