Hasmoneeërs

Ut Wikipedy
Keninkryk Judeä
ממלכת יהודה
Mamleḵeṯ Yehuda
140 f.Kr. – 37 f.Kr.
flagge wapen
Nog geen vlag
geografyske lokaasje

It Hasmoneeske keninkryk yn syn grutste omfieming
polityk
haadstêd Jeruzalim
offisjele taal Arameesk (offisjeel)
Gryksk
Hebriuwsk (liturgysk)
steatsfoarm semy-konstitúsjonele teokratyske monargy
ûntstien út Koelesyrje
opgien yn Herodiaanske dynasty
no diel fan Egypte
Israel
Jordaanje
Libanon
Palestina
Syrje
sifers
ynwennertal net bekend
bykommende ynformaasje
muntienheid Hasmoneeske munten

De dynasty fan de Hasmoneeërs (Hebriuwsk:חַשְׁמוֹנַּאִים‎, Ḥašmona'īm) wie in dynasty dy't oer Judeä hearske yn de Klassike Aldheid fan om 140 f.Kr. hinne oant 37 f.Kr. Tusken 140 en 116 f.Kr. hearske de Hasmoneeske dynasty oer Judeä as in heal-ûnôfhinklik keninkryk fan it Seleusidyske Ryk. Doe't it Seleusidyske Ryk útinoar foel, waard Judeä in selsstannich keninkryk en wist it syn gebiet út te wreidzjen mei de gebieten Samaria, Galileä, Itureä en Idumeä. De Hasmoneeërs namen de titel basileus (kening, keizer), en guon skiedkundigen ferwize nei it tiidrek as in selsstannich keninkryk Israel. It keninkryk waard yn 63 f.Kr. troch de Romeinske Republyk oermastere en de dynasty waard ferfongen troch Herodes de Grutte.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hasmoneeske dynasty waard stifte ûnder it liederskip fan Simon de Makkabeeër, sa'n tweintich jier nei't syn broer, Judas de Makkabeeër (יהודה המכבי Yehudah HaMakabi), it Seleusidyske leger fersloech yn de Makkabeeske Opstân. Neffens 1 Makkabeeërs, 2 Makkabeeërs, en it earste boek fan de Joadske Kriich troch de Joadske skriuwer Flavius Josefus (37 n.Kr. - om 100 n.Kr. hinne) besocht de Seleusidyske kening Antiochus IV Epifanus strange kontrôle út te oefenjen yn de satrapyen Koelesyrje en Fenysje nei't er him nei syn súksesfolle ynfal yn Ptolemeesk Egypte troch druk fan de Romeinske Republyk wer weromlûke moast. Hy plondere Jeruzalim en de Timpel, hy ûnderdrukte de Joadske en Samaritaanske religieuze en kulturele fierings en hy besocht it gebiet te hellenisearjen. Mei de dêrop folgjende opstân fan de Joaden yn 167 f.Kr. sette it tiidrek fan ûnôfhinklikens fan de Joaden útein. It Seleusidyske Ryk foel stadichoan útinoar troch oanfallen fan de opkommende machten lykas de Romeinske Republyk en it Partyske Ryk.

Yn 139 f.Kr. erkende de Romeinske Senaat de Joadske steat. Yn 63 f.Kr. foelen de Romeinen Judeä yn en waard it in Romeinske fazalsteat.

Hyrkanus II en Aristobulus II, oerpakesizzers fan Simon de Makkabeeër, rekken belutsen yn de tsierderijen tusken Julius Caesar en Pompejus. Nei de dea fan Pompejus yn 48 f.Kr. en Caesar yn 44 f.Kr., en de dêroan besibbe Romeinske boargerkriich, fersêfte de Romeinske druk op it Hasmoneeske keninkryk. Troch stipe fan it Partyske Ryk wisten de Hasmoneeërs tydlik harren selsstannigens werom te krijen, mar dy koarte ûnôfhinklikens kaam fannijs ta 'n ein nei't de Romeinen ûnder Markus Antonius en Oktavianus de macht yn Judeä wer werom namen.

De Hasmoneeske dynasty bestie 103 jier lang doe't de Herodiaanske dynasty it gesach yn 37 f.Kr. oernaam. Nei it oanstellen fan Herodes de Grutte (in Idumeeër) as kening fan Judeä waard Judeä in Romeinske fazalsteat, en dat wie de ein fan de Hasmoneeske dynasty. Nei't Herodes kening waard, boaske er mei de Hasmoneeske prinsesse Mariamne. Yn 4 f.Kr. ferstoar Herodes en waard syn keninkryk ferparte ûnder syn trije soannen; Herodes Archelaus krige de Tetrarchy Judeä: Judeä, Samaria en Idumeä (it Bibelske Edom), Herodes Antipas krige Galileä en Pereä en Filippus de Tetrarch krige gebieten benoarden en beëasten de rivier de Jordaan. Yn 6 n.Kr. waard Archelaus troch keizer Augustus ôfset en waard de Tetrarchy Judeä omfoarme ta de Romeinske provinsje Judeä (Iudaea). Dêr waard in lânfâd (prefekt) oansteld, sa as bygelyks Pontius Pilatus tusken 26 en 36 n.Kr. Yn 44 n.Kr. waard njonken de Herodianen in prokurator oansteld yn Judeä.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan de Hasmoneeërs komt nei alle gedachten fan de foarfaar fan de dynasty. Neffens Flavius Josefus wie dat Asmoneüs of Asamoneüs (Gryksk: Ἀσαμωναῖος), dat in hellenisearre foarm fan de namme is. Hy wie de oerpake fan Mattatias en der is fierder neat oer him bekend. De namme komt fan de Hebriuwske namme Hashmonay. In oare ferklearring is dat de Hebriuwske namme Hashmona'i besibbe is oan it doarp Chesmon, dat neamd wurdt yn Jozua 15:27 yn it Alde Testamint. In oare ferklearring is dat de namme komt fan Ha Simeon, in ferwizing nei de stamme fan Simeon

Hearskers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Makkabeeërs (rebellen)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monargen (etnargen en keningen) en hegepreesters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untjouwing fan it keninkryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.