Makkabeeërs

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De neikommelingen fan Mattatias
De Makkabeeske Opstân yn it byld fan Knesset-Menora
De dea fan Mattatias en de selsoffer fan Eleazar yn houtsnijwurk út 1360 yn de Dom fan Bremen

De Makkabeeërs (Hebriuwsk: מכבים‎ of מקבים‎, Maqabim; Latyn: Machabaei of Maccabaei; Gryksk: Μακκαβαῖοι, Makkabaioi), wiene in groep Joadske rebellieders dy't de macht yn Judeä oernamen, dat dêrfoar part fan it Seleusidyske Ryk wie. Hja wiene de stifters fan de Hasmoneeske dynasty, dy't fan 167 f.Kr. oant 37 f.Kr. oer Judeä hearsken. Hja befêstigen it Joadske leauwe fannijs, foar in part ôftwongen, en wreiden it Joadske gebiet út troch it oermasterjen fan omlizzene gebieten. Hja besochten de hellenistyske ynfloed op it joadendom werom te kringen.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme "Makkabeeër" wurdt wol gauris brûkt foar de gânse Hasmoneeske dynasty, mar de wiere Makkabeeërs wiene Judas de Makkabeeër en syn fjouwer bruorren. De namme "Makkabeeër" wie in persoanlike ferwizing nei Judas, en de lettere generaasjes wiene lykwols net syn streekrjochte ôfstammelingen. Ien ferklearring foar dy namme is dat it komt fan it Arameeske maqqəḇa, "de hammer", ferwizend nei de wredens fan Judas yn de striid. De tradisjonele Joadske ferklearring is dat "Makkabeeër" (Hebriuwsk: מכבים‎ Machabi, מכבים) in letterwurd fan it fers út de Toara is, en dat it biedwurd fan de Makkabeeërs waard; Mi chamocha ba'elim YHWH, "Wa is as Jo ûnder de goaden, Heare!", alyksa as in letterwurd fan Matityahu haKohen ben Yochanan. Dy fers stiet yn Exodus 15:11 en is bekend as it "Liet fan Mozes". In oare ferklearring is dat de namme in ferwizing nei Makbanai, in kommandant yn it leger fan kening David, wie.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de twadde iuw f.Kr. lei Judeä tusken it Ptolemeeske Ryk (mei syn mulpunt yn Egypte) en it Seleusidyske Ryk (mei syn mulpunt yn Syrje) yn. Dy monargyen waarden foarme nei de dea fan Aleksander de Grutte (356-323 f.Kr.). Judeä kaam ynearsten ûnder Ptolemeesk hearskippij, mar foel letter ûnder, om 200 f.Kr. hinne, ûnder Seleusidysk hearskippij. Guon Joaden, sa as dy fan de boppeste klasse, benammen yn de stêden, woene brekke mei de tradisjonele Joadske wetten en de Grykske libbensstyl oannimme. Ien fan sokke Joaden wiene de famylje de Tobianen. Neffens Israelyske skiedkundige Victor Tcherikover wie de grutste reden fan de Tobianen om te kiezen foar it hellenisme ekonomysk en polityk. De hellenisearre Joaden bouden in gymnasion yn Jeruzalim, om mei te dwaan mei ynternasjonale Grykske spullen. Hja wiisden de besnijenis en de Wet fan Mozes ôf.

Doe't Antiochus IV Epifanes (215-164f.Kr.) yn 175 f.Kr. kening fan it Seleusidyske Ryk waard, wie Onias III hegepreester yn Jeruzalim. Foar Antiochus wie de hegepreester allinnich mar in pleatslike beämte dy't hy sels beneame of dien litte kin wannear't er mar woe. De otterdokse Joaden leauden lykwols dat it hegepreesterskip troch God beneamd waard. Jason, dy't in broer fan Onias wie, kocht Antiochus om en beneam him as hegepreester ynstee fan Onias. Jason skafte de tradisjonele teokrasy ôf en krige tastimming fan Antiochus en feroarje Jeruzalim yn in Grykske polis en neam it Antiochje. Op syn bart kocht Menelaus Antiochus om om as hegepreester beneamd te wurden ynstee fan Jason. Menelaus liet Onias fermoardzje. Menelaus syn broer, Lysimachus, stiel hillige fetten fan de Timpel dat ta ferskate rebûljes late. Lysimachus kaam om it libben en Menelaus waard oankleid foar Antiochus. Hy wist Antiochus wer om te keapjen, mar Jason wist Menelaus fuort te driuwen en hy waard fannijs hegepreester. Antiochus liet de Timpel plonderje en foel yn 168 f.Kr. Jeruzalim oan. Fan dat stuit ôf hanthavene Antiochus in strang belied ta hellenisearjen yn de Seleusidyske satrapyen (provinsjes) Koelesyrje en Fenysje.

De skriuwer fan it apokrive boek 1 Makkabeeërs ferwiisde nei de Makkabeeske Opstân as in opstân fan fromme Joaden tsjin de Seleusidyske kening en de Joaden dy't him holpen. De skriuwer fan it boek 2 Makkabeeërs ferwiisde de strideraasjes as in konflikt tusken it joadendom en it hellenisme. De measte hjoeddeistige skiedkundigen binne it deroer iens dat kening Antiochus yngriep yn in boargerkriich tusken tradisjonele Joaden fan it Judeeske plattelân en hellenisearre Joaden yn Jeruzalim, hoewol't it oanpakken fan de tradisjonelen troch de kening ûngewoan wie yn de Aldheid en dat dat late ta it oansetten fan de opstân. Itjinge begûn as religieuze rebûlje feroare einlings yn in kriich foar nasjonale befrijing.

Neffens 1 Makkabeeërs ferbea Antiochus in soad Joadske en Samaritaanske religieuze tradysjes. It besitten fan de Toara ward strafber en liet kopyen dêrfan ferbrâne. De Sabat en oare hjeldagen waarden ferbean en it besnijen waard ek ûnwettich ferklearre. Memmen dy't harren poppen besnije lieten waarden tagelyk mei harren famyljes fermoarde.

De opstân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Makkabeeske Opstân.
Judeä ûnder Judas de Makkabeeër
De anneksaasjes fan Jonatan Affus
Anneksaasjes fan Simon de Makkabeeër

Neffens 1 Makkabeeërs nei't Antiochus syn oarderings foar it ferbieden fan it útoefenjen fan it Joadske leauwe hiet, sette de opstân tsjin it Seleusidyske bewâld útein. De opstân boaze oan nei't Mattatias de Hasmoneeër, in pleatslike Joadske preester, wegere en earje de Grykske goaden. Mattatias fermoarde in hellenistyske Joad (de ôffallige Joad) dy't it plak fan Mattatias ynnimme soe. Mattatias en syn fiif soannen flechten dêrnei de wyldernis fan Judeä yn. Dat barren late ta de opstân. In jier letter, yn 166 f.Kr., ferstoar Mattatias, en syn soan Judas de Makkabeeër sammele in leger fan Joaden. Hja brûkten in soarte fan guerilla-taktyk om de Seleusiden te bestriden. Ynearsten wie harren striid derfoar ornearre om tsjin de hellenisearre Joaden te fjochtsjen, want der wiene lykwols in soad fan. De Makkabeeërs fernielden de Grykske alters, besniene de jonkjes en ferballen de hellenisearre Joaden. Judas syn bynamme, "de Makkabeeër" waard dêrnei foar de gânse groep rebellen brûkt, en komt fan it Hebriuwske wurd foar "hammer".

De opstân bestie út in stikmannich fjildslaggen, dêr't de Makkabeeërs ferneamd waarden om harren guerilla-taktyk en faasje, foar de grutte, mar stadige Seleusidyske leger oer. Nei de oerwinning lutsen de Makkabeeërs Jeruzalim yn en makken se de Timpel ritueel skjin. Hja stelden Jonatan Affus, Judas syn jongste broer, oan as hegepreester. In grut Seleusidysk leger waard nei Judeä ta stjoerd en slach de opstân del, mar kearden werom doe't kening Antiochus IV ferstoar. Judas hie njonkelytsen in ferdrach mei de Romeinske Republyk tekene, en hja waarden alliearden tsjin it ferswakke Seleusidyske Ryk. Lysias, dy't de taken fan Antiochus waarnaam, nei't dy ferstoarn wie, hie it drok mei binnenlânske Seleudyske saken en luts it ferbod op it útoefenjen fan it joadendom fan Antiochus wer yn.

De Joadske hjeldei Chanûka fiert de nije ynwijing fan de Timpel nei de oerwinning fan Judas de Makkabeeër op de Seleusiden.

Makkabeeske (Hasmoneeske) hearskippij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Hasmoneeërs.

Nei de nije ynwijing fan de Timpel, rekken de folgelingen fan de Makkabeeërs ferdield op de fraach om fierder te fjochtsjen of net. Doe't de opstân ûnder it liederskip fan Mattatias úteinsette, waard de opstân sjoen as in kriich foar leauwensfrijheid dy't in ein oan de ûnderdrukking troch de Seleusiden makke. Doe't de Makkabeeërs beseften dat harren strideraasjes slaggen, woene in soad fan harren troch gean om omlizzend gebiet, dêr't ek Joaden wennen en net-leauwigen te bekearen, te anneksearjen. Dy twaspjalt late ta in gruttere kleau tusken de Fariseeërs en de Sadduseeërs ûnder de lettere Hasmoneeske monargen, lykas Aleksander Janneüs. Dyjingen dy't troch fjochtsjen woene, waarden laat troch Judas de Makkabeeër.

Nei't Judas yn 160 f.Kr. sneuvele yn in fjildslach, waard er as legerlieder opfolge troch syn jongere broer Jonatan Affus, dy't doe al hegepreester wie. Jonatan sleat in stikmannich ferdraggen mei oare lannen, dat de kleau tusken dyjingen dy't foar leauwensfrijheid fochten en dyjingen dy't fierder fjochtsje woene grutter makke.

Yn 142 f.Kr. waard Jonatan troch de Seleusidyske generaal Diodotus Trifon fermoarde, nei't er Jonatan yn in leage naam hie. Jonatan waard opfolge troch Simon de Makkabeeër, de lêste noch libjende soan fan Mattatias. Simon joech stipe oan de Seleusidyske kening Demetrius II Nikator en yn ruil dêrfoar stelde Demetrius de Makkabeeërs frij fan belesting (tribút). Simon oermastere de boarch fan Gezer en de havenstêd Joppa, dêr't de net-Joadske befolking ûnder twang ferhúzje moast. Yn 140 f.Kr. waard er troch in gearkomste fan preesters, lieders en âlderlingen erkend as de hegepreester, legeroerste en hearsker fan Israel. Harren oardering lei it grûnwurk foar it Hasmoneeske keninkryk. Justjes dêrnei fernijde de Romeinske Senaat syn alliânsje mei it Hasmoneeske keninkryk en trune der by oare alliearden yn it eastlike Middellânske Seegebiet op oan dat ek te dwaan. Hoewol't de Makkabeeërs de ûnôfhinklikens wûn hat, wie Judeä noch hieltyd wynliken in provinsje fan it Seleusidyske Ryk. Simon wie ferplichte en leverje troepen oan Antiochus VII Sidetes, de broer fan Demetrius II. Doe't Simon wegere it gebiet op te jaan dy't er oermastere hie, naam Antiochus se mei geweld werom.

Simon waard yn 134 f.Kr. troch syn skoansoan Ptolemeüs fermoarde, en waard as kening en hegepreester troch syn tredde soan, Jehannes Hyrkanus I opfolge. Antiochus VII oermastere gâns Judeä, mar seach ôf fan it oanfallen fan de Timpel of himsels te bemuoien mei Joadske fierings. Judeä waard fan it Seleusidysk bewâld befrijd nei de dea fan Antiochus VII yn 129 f.Kr..

It ûnôfhinklike Hasmoneeske keninkryk bestie oant 63 f.Kr. doe't de Romeinske generaal Pompejus yngriep yn de Hasmoneeske boargerkriich. It keninkryk waard dêrnei in Romeinske fazalsteat. De Hasmoneeske dynasty einige yn 37 f.Kr. doe't de Idumeeër Herodes de Grutte troch de Romeinske Senaat as "kening fan de Joaden" oansteld waard. It Hasmoneeske keninkryk feroare yn in Herodiaanske keninkryk, dat in fazalsteat fan Rome waard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.