Besnijenis

Ut Wikipedy
De penis fan in man foar en nei de besnijenis.

In besnijenis of sirkumsyzje is it ferwiderjen fan 'e foarhûd (preputium) fan 'e penis by manlju of jonges. De foarhûd is in beweechlik stik hûd dat de nút, de gefoelige útein fan 'e penis, omjout. De Latynske term "sirkumsyzje" betsjut "omhinne-" (circum-) "-snijing" (-cisio). Besnijenis is in lytse sjirurgyske operaasje, dêr't net folle muoite of gefaar mei muoid is. Neffens in skatting út 2007 soe likernôch 30% fan alle manlju yn 'e wrâld besnien wêze. It moat net betize wurde mei de frouljusbesnijenis, dat in foarm fan genitale skeining is.

Besnijenis fan jonges waard al dien yn it âlde Egypte yn it 4e milennium f.Kr. Tsjintwurdich is de proseduere it bekendst út it joadendom, dêr't it in religieus gebod betreft, en de islaam. Yn it joadendom stiet de besnijenis fan jonkjes bekend as de brit milah (Hebriuwsk: בְּרִית מִילָה, "ferbûn fan 'e besnijenis"), en fynt dy plak op 'e achtste dei nei de berte. De die wurdt ferrjochte troch in besnijenisspesjalist, in saneame mohel. De proseduere wurdt fan grutte betsjutting achte as symboal foar de opnimming fan it jonkje yn 'e religieuze mienskip, en it giet sadwaande mank mei feestfieren. Yn 'e islaam is besnijenis (Arabysk: ختان, chitan) net ferplichte, om't it nearne as gebod yn 'e Koraan fermeld stiet, mar it is wol tige by tige gebrûklik. De leeftyd fan islamityske jonges as se besnien wurde, ferskilt neffens lokale tradysjes. Faak bart it koart nei de berte, mar it komt ek foar dat it dien wurdt as jonges âlder binne. Yn elts gefal moat it klear wêze foar't de puberteit begjint. Behalven by joaden en moslims is besnijenis ek in oergongsritueel by in protte folken dy't in natoerreligy oanhingje.

By de besnijenis fan minderjierrigen om net medysk needsaaklike redens botse twa minskerjochten: it rjocht op lichaamlike yntegriteit en it rjocht op godstsjinstfrijheid. Dy juridyske aspekten fan besnijenis jouwe foar in protte bernerjochte-aktivisten oanlieding om te pleitsjen foar in ferbod op 'e besnijenis fan jonges.

Besnijenis kin ek út medyske needsaak dien wurde. De meast foarkommende medyske reden om jin besnije te litten, is foarhûdsfernauwing (fimosis), in oanberne lichaamlike ôfwiking wêrby't de foarhûd sa strak om 'e nút hinne sit dat it ynbringen fan 'e penis yn 'e fagina of sels al it krijen fan in ereksje pynlik is. Oare redens kinne wêze: lichen sklerosus (in oandwaning wêrby't de hûd syn elastisiteit ferliest), it oan foarhûdsfernauwing besibbe parafimosis of weromkearende balanitis (ûntstekking fan 'e nút). Besnijenis is út medysk eachpunt inkeld nedich as oare behannelwizen, lykas ynsmaren mei kortisoanekrêm of oprekken, net slagge binne. Dan noch kin keazen wurde foar in besnijenis foar in part, wêrby't bgl. de foarhûd wider makke wurdt troch in z-foarmige ynsnee of wêrby't de spanning troch in saneamde dorsal slit (ynsnee yn 'e hûd oan 'e ûnderkant fan 'e penis) weinommen wurdt. Medyske besnijenissen wurde útfierd troch in urolooch.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.