Springe nei ynhâld

Dom fan Bremen

Ut Wikipedy

De Dom fan Bremen (Dútsk: Bremer Dom, ek: St. Petri Dom zu Bremen) is in oan de apostel Petrus wijde tsjerke oan it Marktplatz yn it sintrum fan de Dútske hânzestêd Bremen. De domtsjerke heart by de protestânske tsjerke fan Bremen, in lid fan de protestânske koepelorganisaasje yn Dútslân. Sûnt 1973 is de tsjerke in beskerme monumint.

Koarte bouskiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fan sân- en bakstien boude tsjerke is oarspronklik in romaansk bouwurk, dy't fan ôf de 11e iuw op de fûneminten fan âldere foargongers boud waard. Sûnt de 13e iuw fûn de ferbou plak yn de styl fan de goatyk en yn de 14e iuw folge de oanbou fan sydkapellen. Yn 1502 waard úteinset mei de ferbou fan de tsjerke ta in letgoatyske halletsjerke. Fierder as in nij noardlik sydskip kaam it net, om't mei de reformaasje de fierdere wurksumheden einigen.

Oan de ein fan de 19e iuw folge in grutte renovaasje fan de binnen fersoarge, mar de fan bûten dochs wat ûneachlike domtsjerke, dêr't boppedat ien fan beide tuorren fan ynstoart wie. It nije ûntwerp wie basearre op besteande en âlde ôfbylden, mar der kamen ek nije eleminten oan te pas, lykas in neoromaanske fieringstoer.

It wie de Angelsaksyske biskop Willehad dy't op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke begûn mei de bou fan in yn 789 wijde tsjerke. It houten bouwurk baarnde al trije jier nei de foltôging tidens de Saksenkrigen finaal ôf. Nei de dea fan Willehad yn 789 bleau Bremen trettjin jier sûnder tsjerke en biskop. Opgravings yn it middenskip fan de domtsjerke wiisden op in stiennen tsjerke út de tiid fan biskop Willerich (805-835) en syn opfolger. Dy tsjerke moat yn syn grutste steat in trijeskepige bou west ha, dy't ferbân hold mei in wijding yn 860 troch biskop Anskar. Op 11 septimber 1041 waard dit karolingyske godshûs tagelyk mei in grut diel fan de stedsbebouwing ferneatige troch in grutte brân en giene ek de wurken fan de bibleteek fan de tsjerke ferlern.

De salyske boufaze

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Westlike krypte mei it doopfont út de 11e iuw en it reliëf fan de troanende Kristus, it âldst bekende byldhouwurk fan Bremen
Goatysk netferwulft fan it noardlike sydskip

Yn de salyske tiid waard ûnder biskop Adalbrand mei de bou fan in nije tsjerke begûn. It waard in foarse tsjerke, dy't yn ôfmjittings de hjoeddeiske domtsjerke benei komt en dêr't yn de bou noch spoaren fan binne te finen. Adalbrand syn opfolger Adalbert wie ien fan de machtigste biskoppen yn syn tiid en gyng sa entûsiast fierder mei de bou oan, sûnder dêrby noch rekken te hâlden mei oare easken. Hy liet bygelyks de muorren fan de boarch slope om oan boumaterjaal foar de tsjerke te kommen. Dêrmei rekke Bremen de fersterkingen kwyt en sa koe Bremen yn 1064 troch in leger fan de Saksyske hertoch Ordulf en syn broer Hermann plondere wurde.

Under Adalbert syn opfolger Liemar (1072–1101) waard de tsjerke nei alle gedachten foltôge. Yn syn grêf is in stien mei de wurden constructor huius ecclesiae'(bouwer fan dizze tsjerke) fûn. Hy moast it grutte gat tusken de foar in part foltôge eastkoer en westkoer ticht meitsje en liet de pylders en muorren fan it skip bouwe en oerdekke. Yn syn tiid kaam wierskynlik ek in ein oan it wurk yn de krypte.

Letromaanske en goatyske perioade

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjintwurdige ûnderste bou fan de westlike gevel ûntstie yn de letromaanske tiid. In stedssegel út 1230 toant Karel de Grutte en biskop Wilhad mei in model fan de tsjerke yn harren hannen. Dúdlik is dat der ûnder biskop Gerhard grutte ferbouwingen plakfûnen, dy't troch foarbylden út it Rynlân beynfloede waarden. Paus Honoarius III stie yn it jier 1224 in ôflaat ta, dêr't de ynkomsten fan brûkt waarden om it skip fan de tsjerke te foarsjen fan in ferwulft. Hjirmei wie men oant 1250 mei dwaande.

Yn de 14e en 15e iuw waarden oan de súdkant fan de dom meardere kapellen oanboud. Oan de noardlike kant fan it eastkoer ûntstie in dûbele kapel. De noardlike toer waard yn 1346 ferhege mei twa ferdjippings en krige doe in goatyske spits. Troch in brân yn 1483 yn de noardlike toer rekke ek it noardlike sydskip slim skansearre. Hoe't it noardlike sydskip der út sjoen hat is tsjintwurdich te sjen oan it bewarre bleaune súdlike sydskip. Fan 1502 oant 1522 waard it noardlike sydskip op deselde hichte fan it middenskip brocht en krige it in letgoatysk netferwulft. Troch de arkadenferdjipping dy’t it middenskip fan it noardlike sydskip skiedt is dit lykwols min te sjen. It ûnderste diel stamt noch fan de romaanske pylderbasilyk, it boppeste diel datearret fan in ferbouwing troch Cord Poppelken, dy’t ek om 1512 hinne de westlike krypte koarter makke en foar it dêrboppe lizzende westlike koer (tsjintwurdich de oargelgalerij) it koarhek ûntwurp. Nei alle gedachten wie it plan ek om it súdlike sydskip te ferheegjen en fan de tsjerke in echte halletsjerke te meitsjen, mar de reformaasje yn Bremen makke in ein oan dizze plannen.

Histoaryske plattegrûn fan Bremen troch Georg Braun en Frans Hogenberg (tusken 1572 en 1618)
De sitewaasje fan en om de tsjerke yn 1695

Op 9 novimber 1522 hold de út Nederlân flechte Augustiner muonts Hindrik fan Sutfen de earste protestânske preek yn in kapel fan de St. Ansgarii-Kirche. Yn 1524 waarden yn de parochytsjerken njonken katolike prysters ek protestânske prekers oansteld en wer in jier letter folge it ferbod fan it hâlden fan in katolike mis yn de stêd.

It domkapittel liet de dom yn 1532 slute, nei’t mei Palmpeaske in groep fan boargers de mis fersteuren en de luterske earetsjinst ôfdwongen. De domtsjerke bleau 15 jier sletten oant de út Oerisel ôfkomstige Albert Hardenberg op oanfiterjen fan de greve fan Oldenburg yn 1547 oansteld waard as nije preker. Hardenberg wie in radikale oanhinger fan Jehannes Kalvyn, itjinge nije strideraasjes joech tusken de oanhingers fan Luther en de Kalvinist Melanchton. Yn it earstoan wie der neat oan de hân, mar nei’t Hardenberg de opfettings fan Zwingli’s Jûnsmiel ynfierde, kaam hy foar it earst yn konflikt mei de ortodokske lutersen yn Bremen. De legere klassen en de middenklasse fan de stêd stiene oan de kant fan Hardenberg en sa ek de boargemaster. Mar de mearderheid fan de behâldende ried woe fan him ôf. Jimmeroan bleaune de konfessionele ferskillen yn Bremen oplôgjen en nei’t de kening fan Denemark, de stêden Hamburg, Lübeck en Braunschweig harren yn it konflikt bejoechen en ek de ynfloedrike luterske teolooch syn ôfsetting easken ferliet Hardenberg úteinliks yn 1561 Bremen. Letter waard Hardenberg dûmny yn Emden. Op’e nij waard de domtsjerke foar in lange tiid foar de gewoane earetsjinst sletten, dizze kear foar in perioade fan 76 jier. Foar bysûndere gelegenheden lykas begraffenissen en amtsbeëdigingen bleau de domtsjerke lykwols iepen. Fan de 28 epitafen yn de tsjerke stamt de helte út dizze tiid.

Tidens de saneamde “twadde reformaasje” yn 1581 sleat de stêd Bremen sich by de teologyske rjoching fan Melanchton oan. Dizze Melanchton wie yn syn opfettings dan wol minder radikaal as Kalvyn, mar hjirmei kaam de stêd wol wer yn it kalvinistyske kamp te lizzen yn in op religieus mêd fierders luterske omjouwing. De stêd krige fjirtjin jier letter in nije tsjerkoarder neffens de dútsk-grifformearde lear en yn 1600 waard de Heidelberchske Kategismus ynfierd. De domtsjerke mei de byhearrende gebouwen en de ynwenners fan it gebiet om de dom hinne foelen lykwols fanwegen de domfrijheid net ûnder de stêd, mar bleaune lutersk.

It ynstoarten fan de súdlike toer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De súdlike toer wie net ôfsluten mei in goatyske spits mar mei in krúsdak, dêr’t acht klokken ûnder hongen. Al langere tiid sieten der skuorren yn de toer en op 27 jannewaris 1638 stoartte de toer yn en ferneatige dêrmei twa lytse hûzen dy't oanboud wiene. By de ramp kamen acht minsken om it libben. In tekening fan de dom nei de ramp toant in súdlike toer, dy’t net folle heger is as de muorre fan it middenskip en ôfsletten waard mei in lessenersdak. Noch yn itselde jier waard de domtsjerke troch de luterske aartsbiskop Freark III wer iepene. Sûnt tsjinne de tsjerke de luterske gemeente fan Bremen binnen de stedsmuorren.

Mei de sekularisaasje fan 1648 foel de domtsjerke mei it ommelân fan Bremen as hartochdom Bremen yn Sweedske hannen. Acht jier letter baarnde op 4 febrewaris 1956 de noardlike toer troch bliksemynslach ôf. Ek it dak fan de tsjerke waard troch brân fernield. Nei in ynearsten provisoaryske ôfdekking krige de noardlike toer nei fiif jier in piramidedak en wer letter in barokke ôfsluting.

It ynterieur foar de grutte renovaasje yn de 19e iuw

Yn it ramt fan it Reichsdeputationshauptschluss fan 1803 kaam der in ein oan de domfrijheid en waard it gebiet om de domtsjerke by de stêd foege. Yn 1810 kamen stêd en luterske ôffeardigen oerien dat de domgemeente in gewoane luterske parochytsjerke waard. In grut diel fan it fermogen fan de dom waard oan de nije parochygemeente werom jûn en mei de ynkomsten hjirút koe it ûnderhâld fan de tsjerke betelle wurde. Sa koe de stêd sels de knip tichthâlde.

Neffens in riedsbeslút waarden yn 1817 in stikmannich lytse hûzen oan de noardlike muorre fan de tsjerke ôfbrutsen. De parochy liet de no wer frijlizzende muorre renovearje. Jeften makken ek in renovaasje fan it ynterieur mooglik. Ek krige de tsjerke in neogoatysk heechalter en, dat foar it earst sûnt de reformaasje, nije brânskildere ramen.

Pas yn de jierren 1880 waarden plannen makke foar in tige yngripende ferbouwing fan de domtsjerke. It meast opfallend oan de útfiering waarden de beide westlike tuorren, dy’t foar it earst sûnt 5 iuwen wer symmetrysk stâl jûn waarden. Fan de noardlike toer waarden de boppeste ferdjippings ferfongen en dêrby stâl jûn neffens de ferlern giene súdlike toer, wylst de súdlike toer fan de fûneminten ôf folslein nij boud en foar it earst ek mei in spits ôfsletten waard. Yn 1894 wiene beide tuorren foltôge. Wylst de boudielen fan de westlike gevel dy fan de oarspronklike domtsjerke benei komme, is de fieringstoer in neoromaansk betinksel. Ek it neogoatyske breidsportaal is in kreative 19e iuwske tafoeging

Yn de tsjerke waarden de kreaken foar de gemeenteleden en de sydlike koarhekken ferwidere. Under de wite kalk fan de muorren kamen op withoefolle plakken resten fan midskiuwske bekilderingen oan it ljocht. Oan de nije muorrebeskilderingen, dy’t oant hjoeddedei bewarre bleaun binne, foarmen Byzantynske foarbylden de grûnslach.

Al gau nei de grutte renovaasje die bliken dat de fieringstoer foar problemen soarge, Oan beide kanten fan it koar moasten tusken de finsters dêrom loftbôgen boud wurde. Ek wie it nedich om de eastlike muorre te ferstevigjen troch in tal ramen ticht te mitseljen. Nei dy renovaasje krigen de beide westlike portalen brûnzen doarren nei in ûntwerp fan de Keuler keunstner Peter Fuchs. Op de noardlike doar (getten yn 1895) steane foarstellings út it Alde Testamint en de súdlike doar (getten yn 1898) foarstellings út it Nije Testamint. Yn beide doarren binne as doarsklinken liuwekoppen fan âldere portaaldoarren út de 13e iuw ferwurke (oan de noardlike doar betreft it de linker fleugel, oan de súdlike doar de rjochter fleugel; de beide oare fleugels ha moderne kopieën).

In grutte brân yn 1915 ferwoastge de ‘’Glocke’’, in oan de dom grinzgjend gebou, en oare dielen fan it eardere domkleaster. De krúsgong ûntkaam oan de ferneatiging, maar waard by de nijbou fan de Glocke yn 1925 ôfbrutsen.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de domtsjerke by in loftoanfal op de stêd troch brânbommen rekke. De skea bleau ynearsten noch beheind, mar yn it folgjende oarlochsjier waard de tsjerke op’e nij rekke troch bommen. Yn maart 1945 ontplofte in bom oan de noardlike kant fan it bouwurk, wêrtroch’t in part fan it ferwulft fan it noardlike skip delstoartte. Oan it ein fan de kriich wie it hiele tsjerkegebou yn in strieminne steat en al fuort nei de befrijing waard úteinset mei de restauraasje fan it dak fan it noardlike skip. Oant 1950 waard it ferwoastge ferwulft wer ynboud.

Opgravings yn de jierren 1973-1984 yn en om de domtsjerke brocht in soad nije kennis oan it ljocht. Der waarden fûneminten fan de foargongertsjerken en ferskate grêven fan eardere aartsbiskoppen fûn. De fynsten krigen in plak yn it Dom-Museum en it Focke-Museum. Tagelyk mei it archeologysk ûndersyk waard ek de skea oan de fûneminten en muorren ferholpen en waard it ynterieur safolle mooglik yn oarienstimming mei de sitewaasje yn de midsiuwen brocht.

Troanende Kristus
Fiif portaalbylden fan de ferstannige en sleauwe jongfammen (hoeddedei yn it noardlike sydskip
Dom-mûs
Foarstellings fan Cosmas en Damianus yn it Dommuseum
Krúsdragende Kristus
Romaansk doopfont
heechalter
Preekstoel

De domtsjerke bleau yn tsjinstelling ta de stêd mei de ynfiering fan de reformaasje lutersk. De luterske lear stie minder ôfwizend foar bylden oer as de grifformearde lear en dêrom hat de domtsjerke mear keunstwurken bewarje kinnen as de oare Bremer tsjerken, dy't allegear yn hannen fan kalvinisten oergyngen. Nettsjinsteande dat foarmet de hjoeddeiske ynrjochting mar in lyts part fan de oarspronklike rykdom fan it bouwurk. Sa stiene der bygelyks ea wol 50 alters yn de tsjerke.

Timpaan mei troanende Kristus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de westlike krypte hinget boppe it alter in healrûn reliëf mei in troanende Kristus. Nei alle gedachten is it in part fan in timpaan fan in westlik portaal. It is sûnder mis it âldste byldhouwurk fan Bremen en omkriten en wurdt tusken 1050 oant de 2e helte fan de 12e iuw datearre.

Bylden fan bibelske persoanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de fiif ferstannige en de fiif sleauwe jongfammen bleaune fiif stiennen bylden oer. Hjoeddedei ha de bylden in plak fûn oan de binnenmuorre fan it noardlike sydskip, mar earder stiene se nei alle gedachten oan it noardlike breidsportaal. Yn de eastlike krypte is de slim ferware byldengroep te sjen, dy't tegearre de kroaning fan Marije foarsteld. Beide byldgroepen binne foar 1532, mooglik tidens de letgoatyske ferbouwing oan it noardlike sydskip, ferhûze nei in plak oan de westlike gevel. Mei de grutte ferbouwing tsjin it ein fan de 19e iuw krigen de bylden in plak yn de tsjerke. De iergoatyske bylden wurde om 1230 hinne datearre.

Yn it eastkoer oan de rjochter sydmuorre is oan de foet fan in rûnbôgenportaal (oarspronklik it bûtenportaal fan de âlde westlike gevel) út de 2e helte fan de 11e iuw in byld fan in mûs te sjen. In byld fan de mûs wie yn de midsiuwen in symboal fan it kwea en ûnsuvere. Mooglik moast de mûs op dit plak de macht fan de duvel bûten hâlde, mar it kin ek wêze dat it hjir de ûnmacht fan it kwea foar de macht fan de Kristlike God oer symbolisearre wurdt.

Keunstwurken út de 14e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 14e iuw waarden der jimmeroan mear keunstwurken foar de tsjerke oankocht. It begjin hjirfan waard markearre mei de oanskaf fan de koarbanken (1366-1368). Yn 1823 waarden de yn in dûbele rige en oarspronklik yn U-foarm opstelde koarbanken ôfbrutsen. Dêrfan bleaune sân wangen mei yn totaal 31 fjilden mei foarstellings út it Alde- en Nije Testamint bewarre.

It fragmint fan de krúsige Kristus oan de westlike muorre fan de eastlike krypte stamt út it súdlike bôgenfjild fan de westlike gevel en wurdt datearre op 1400. In twadde krúsbyld fan sânstien út deselde tiid stiet op it alter fan de eastkrypte.

Yn it dommuseum is yn it spitsbôgich kader in foarstelling fan it Lêste Jûnsmiel te sjen, dat nei alle gedachten hearde by in sakramintsnis oan de noardlike koermuorre. Ek yn it Dom-Museum binne twa reliëfs te sjen mei foarstellings út it libben fan de hilligen Cosmas en Damianus, dy't yn de domtsjerke heech fereare waarden. De tsjerke wie grutsk op de reliken fan de hilligen en liet hjir om 1400 hinne in gouden skryn meitsje, dy't sûnt 1649 yn de Michaelskirche fan München stiet.

Fan grut keunstsinnich belang is it byld van de hillige Dorothea, dat yn brûklien jûn is oan it Focke-Museum.

Ut de tiid tusken 1430 en 1460 binne der gjin keunstwurken yn en oan de dom oanwêzich. Mar tsjin it ein fan dy iuw waard de tsjerke wer ferrike mei tal fan epitafen en byldhouwurken. Opfallend binne de dúdlike Westfaalske ynfloeden fan alle letgoatyske stiennen bylden, epitafen en reliëfs út dizze tiid. De foarstelling fan in krúsdragende Kristus (tsjintwurdich op in alter yn it middenskip) waard yn 1490 makke, folge troch de bylden fan Kristoffel, Hieronymus, Nikolaas en Sint-Anna. Yn 1512 folge it koerrhek fan it westlike koer en yn 1528 it byldenreliëf fan Evert van Roden út Münster oan de oargelkreake. Wierskynlik hearden de bylden fan de Mem fan God, de hilligen Dionysius, Rochus en Gregorius ek ta dit oarspronklik westlike doksaal. Fan deselde styl is in haut-reliëf fan de Hillige Sibbe, in figurenrike foarstelling fan Kristus' sibben, yn de noardlike toer.

Yn de súdlike sydkapellen hingje in tal grutte skilderijen (fan east nei west: Oanbidding fan de Keningen (Franz Wulfhagen, 1660); de Krúsdraging fan Kristus (Johann C. Baese, 19e iuw); it Lêste Oardiel (Heinrich Berichau, 1698); de Grêflizzing fan Kristus (Arthur Fitger, 1898); Oanbidding fan Keningen en Herders (Arthur Fitger, 1898) en fjouwer foarstellings út in passyrige (H. Rot, 1513). Yn it Dom-Museum binne noch twa panielen fan de Giseling fan Kristus en de Krúsdraging (1490) te sjen.

It doopfont wurdt troch fjouwer op liuwende sittende manlju droegen en toant tusken twa friezen fan palmetten 38 figuren. It waard yn 1220-1230 getten. Sûnt de westlike krypte ynrjochte waard as doopkapel krige it doopfont dêr in plak.

Kansel en alter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de dom yn 1638 wer foar de luterske earetsjinst iepene waard, liet de Bremer aartsbiskop in nije kânsel meitsje. Hofbyldhouwer fan de Deenske kening, Jürgen Kriebel, krige de opdracht in ryk fersierde preekstoel te meitsjen. De oarspronklik kleurrike kânsel waard yn de barokke tiid yn wite en gouden kleuren oerskildere en yn 19e iuw fan in brune kleur foarsjoen. Yn 1977 waarden de skilderlagen wer ferwidere. Apostelen, profeten en deugden binne te sjen en op it klankboerd stiet de oer it kwea triomfearjende Kristus.

Oant flak foar de reformaasje stiene wol fyftich alters yn de tsjerke. Dat binne der no noch fjouwer. It haadalter is tsjintwurdich ienfâldich, de oare trije steane yn de beide krypten en oan de noardlike kant fan it middenskip. De hjoeddeiske bylden op de alters binne oarspronklik net foar de alters makke.

It grutte oargel fan Wilhelm Sauer út 1849 op de westlike kreake hat 101 registers. It ynstrumint waard faak ferboud en oan de hearskjende moade oanpast. Yn de jierren 1995-1996 restaurearre Christian Scheffler (1995–1996) it oargel en waarden in soad ferwidere registers wer rekonstruearre. De kast fan it oargel is neogoatysk en stamt út de 19e iuw.

Oan de eastlike muorren fan it noardlike dwersskip stiet in neobarok Bachoargel mei 35 registers. It waard tusken 1965 en 1966 boud troch de oargelmakkerij fan de bruorren Vulpen út Utert. It ynstrumint ferfong it yn de Twadde Wrâldkriich fernielde Bachoargel fan Sauer, dat yn 1939 yn de domtsjerke yn gebrûk nommen waard.

It lêst oanskafte oargel fan de dom is in koeroargel fan de oargelmakkerij Wegschneider út Dresden. Dit ynstrumint út 2002 wurdt brûkt foar spesjale tsjinsten yn it heechkoer. De bou fan it oargel wie mooglik troch in skinking fan Ingeborg Jacobs, de widdo fan in ûndernimmer út Bremen.

Yn 1939 kocht de domtsjerke in histoarysk Silbermann-oargel mei acht registers oan. Dit oargel stiet yn de westlike krypte en wie oarspronklik tusken 1734-1748 boud troch Gottfried Silbermann foar de tsjerke yn it saksyske Etzdorf en krige yn 1796 in pedaal. Sûnt 1865 stie it oargel yn de tsjerke fan Wallroda en dêrnei wiksele it oargel regelmjittich fan plak. Yn 1939 waard it instrumint yn Dresden troch de organisten fan de dom ûntdutsen en sa kaam it yn de dom telâne. It oargel waard yn 1994 restaurearre en yn de oarspronklike steat werom brocht. It is ien fan de 32 noch besteande oargels fan Gottfried Silbermann.

It fyfde oargel yn de dom waard troch de Nederlânske oargelbouwer Gerrit Klop út Garderen boud. Dit yn 2001 opstelde oargel is yn brûklien fan in partikulier en krige in plak yn de eastlike krypte ûnder it koer. Yn de styl fan de Italjaanske renêssânse hat it as organo di legno allinnich houten registers.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]