Rochus (hillige)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Rochus (hillige)
Christian cross.svg   hillige
Tradisjonele foarstelling fan Sint-Rochus
Tradisjonele foarstelling fan Sint-Rochus
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 14e iuw
berteplak Montpellier
stjerdatum 16 augustus 1379
stjerplak Voghera
hillichferklearring
hillich ferkl. net fan tapassing
fereare troch Roomsk-katolike Tsjerke
hjeldei 16 augustus
attributen Hûntsje mei bôle yn 'e bek, hoed, Sint-Jakobsskelp, pylgerstêf
patroan fan Minsken mei besmetlike syktes, tatebern, hûnen, sike hûsdieren, Montpellier, Parma en Feneeesje.

Rochus fan Montpellier (berne yn Montpellier en yn 1379 yn Voghera ferstoarn) libbe neffens de oerlevering tusken 1295 en 1379 en wurdt yn grutte dielen fan Europa as folkshillige fereare yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Neffens de ferhalen holp Rochus wylst er nei Rome pylgere in soad minsken dy't oan de pest litten. De datum dat Rochus betocht wurdt is 16 augustus, de dei dat er ferstoar. Rochus stiet bekend as ien fan de pesthilligen en yn in soad gebieten wurdt er ek rekkene ta de fjirtjin needhelpers.

Alhoewol't Rochus nea offisjeel hillich ferklearre is, wurde syn reliken yn Feneesje fereare. Nei de tiid dat de pest yn Europa wierre, ûnstiene tal fan bruorskippen dy't nei Rochus ferneamd waarden en pauslike privileezjes tabedield krigen. Ek waarden in soad hospitaals nei Rochus ferneamd.

Rochus is bekermhillige fan minsken mei besmetlike syktes (lykas de pest en besmetlike syktes mei symptoamen oan de hûd en fuotten), tatebern en sike hûsdieren.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rochus en de ingel (Claude Simpol (1666–1711))

In soad fan wat oer Rochus bekend is jildt as legindarysk. Hy waard as soan fan rike âlden yn Montpellier berne. Doe't er yn 'e âldens fan twintich alletwa âlden kwyt wie, joech er syn jild en besit wei en foege er him by de Tredde oarder fan de hillige Fransiskus fan Assisi.

As pylger nei Rome yn 1317 holp er ûnderweis mei it ferpleegjen fan slachtoffers fan de pest. Hy soe de siken allinne mar mei help fan in krústeken op mirakuleuze wize genêzen hawwe. Doe't er yn Rome oankaam gyng er fierder mei it genêzen fan minsken dy't oan de pest litten, mar it joech him noch rykdom noch oansjen. Op de weromreis yn 1322 waard er yn Piacenza sels siik en lieten se him oan syn lot oer. Hy joech syn lot hielendal yn hannen fan God en sûndere him yn in houten hut yn de bosken ôf. Dêr waard de sike Rochus troch in ingel ferplege en in hûn brocht him dêr de hiele tiid bôle, oant er wer better waard en nei de stêd weromreizge. Dêr holp er op 'e nij minsken dy't mei de pest ynfektearre wiene, krekt salang oant de pest yn Piacenza útroege wie.

De troch de pest feroarsake groeden en plakken hiene Rochus slim skeind. Yn Voghera waard Rochus op fertinking fan spionaazje yn de finzenis smiten. Rochus tanke God foar de test dy't er yn de finzenis ûndergyng en bleau dêr fiif jier oant er dêr ferstoar. Aldere boarnen wolle ha dat er yn Montpellier finzen set waard, mar der binne dokuminten fûn dêr't út bliken docht dat dêr tusken 1376 en 1379 in hillich persoan fan Frânske komôf finzen siet en dêr nei fiif jier ferstoar. Ek wis is dat syn reliken fan Voghera nei Feneesje oerbrocht waarden om dêr begroeven te wurden. Nei syn dea ûntdieken se dat it Rochus wie troch in krúsfoarmich plak dat er fanôf syn berte al op it boarst hie.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It omskot fan Rochus waard yn de oan him wijde tsjerke San Rocco (njonken de Scuola Grande di San Rocco) yn Feneesje byset. In diel waard yn it jier 1372 nei it kleaster fan de Trinitariërs nei Arles yn Frankryk oerbrocht.

Rochus waard nea hillich ferklearre troch de Tsjerke, mar hy hearde iuwenlang ta ien fan de populêrste folkshilligen. De reliken fan Rochus yn de bysetting fan San Rocco yn Feneesje soargen foar de komst fan in soad pylgers nei de stêd. Oer de hannelswegen ferspriede de ferearing fan Rochus him ynearsten nei Frankryk en dan nei de Dútslân, Poalen, Bohemen, Spanje, Portugal en de Nederlannen.

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rochus wurdt ôfbylde mei pylgerstêf en in pylgerhoed mei faak in Sint-Jakobsskelp. Oan syn fuotten sit of stiet fakentiden in hûntsje mei in stik bôle yn 'e bek. Rochus pylgere nei Rome en de hûn brocht him iten doe't er sels siik waard. Yn 'e regel is de lofter foet fan Rochus bleat en wiist er nei in plak, dat in pestbûde op 'e bilbonke foarstelle moat. Somtiden hat er ek in ingel njonken him, dy't syn pestbûde fersoarget.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rochus von Montpellier