Springe nei ynhâld

Montpellier

Ut Wikipedy
Montpellier
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioOksitaanje
DepartemintHérault
Sifers
Ynwennertal310. 240 (2023)[1]
Oerflak56,88 km²
Befolkingsticht.5.454 ynw./km²
Stêdekloft485.823 ynw. (2023)
Hichte8-119 m
Oar
Postkoade34000, 34070, 34080 et 34090
TiidsôneUTC +1
Koördinaten43°36' N 3°52' E
Offisjele webside
www.montpellier.fr
Kaart
Montpellier (Frankryk)
Montpellier
Kaart

Montpellier is in stêd yn it suden fan Frankryk oan ; e Middellânske See. Montpellier is de haadstêd fan it departemint Hérault yn 'e regio Languedoc-Roussillon.

Montpellier is in relatyf jonge stêd yn ferlikening mei oare Frânske stêden en waard om 985 hinne stifte troch de lokale hear Guilhem I. De lizzing tusken Spanje en Itaalje en tichteby de Middellânske See soarge der foar dat it plak al gau bestjutting krige foar de hannel.

Bul Quia Sapientia fan paus Nikolaas IV, dy't de stifting fan 'e universiteit yn Montpellier ûnderstipe.

Montpellier waard ferneamd om 'e universiteit, fral de medyske fakulteit, dy't al yn 'e 12e iuw ûntstie en yn 1289 offisjeel erkend waard. It is ien fan 'e âldste universteiten fan Europa.

De stêd stie ûnder ynfloed fan ferskillende machthawwers, wêrûnder de keningen fan Aragon (13e oant 14e iuw) en de stêd wie it berteplak fan 'e lettere kening Jakobus I fan Aragon. Yn 1349 waard de stêd definityf Frânsk.

Yn 'e 16e iuw krige it kalvinisme in soad ynfloed yn Súd-Frankryk en Montpellier waard ien fan 'e wichtichste hugenoatestêden fan it lân. Alhoewol't de mearderheid fan 'e ynwenners katolyk bleau, dominearren de protestanten yn 'e elite, de machtsstruktueren en it bestjoer en dêrom koe de stêd him as in protestantsk bolwurk ûntwikkelje. Katolike ynstellingen ferlearen ynfloed en kleasters en katolike tsjerken waarden somtiden sletten of krigen in oare funksje.

De yn 'e jierren 1691–1693 boude tromfboge.

Yn 'e Frânske Godtsjinstkrigen tusken 1562 en 1598 wie Montpellier gauris it toaniel fan geweld. De stêd sette it as protestantsk bolwurk yn 'e kant tsjin de katolike kroan en Liga. It Edikt fan Nantes yn 1598 joech de protestanten godstsjinstfrijheid, mar de Frânske monarchy besocht dêrnei dochs de macht fan 'e protestantske stêden te brekken. Yn 1622 belegere kening Loadewyk XIII de stêd dat him rjochte tsjin de protestantske elite. Nei in belis fan in pear moannen wie it dien mei it protestantske bestjoer. De stêd waard twongen om 'e ferdigeningswurken ôf te brekken en ferlear de autonomy. Ynearsten feroare der net in soad foar de protestanten, mar ûnder Loadewyk XIV ( 1660–1685) waarden protestanten útsletten fan offisjele amten en mei help fan sosjale en ekonomyske druk bekearden in soad protestanten har lang om let ta it katolisisme. Mei it werroppen fan it Edikt fan Nantes yn 1685 wie it dien mei in offisjele protestantske mienskip yn Montpellier.

De Frânske Revolúsje yn 1789 waard ynearsten stipe troch de protestanten yn Montpellier om't hja nei in tiid fan katolike repressy tochten dêrmei religieuze frijheden te krijen. Ek stienen de universitêre elites iepen foar de ideeën fan 'e revolúsje. De katoliken wienen ferdield, mar doe't de hervoarmingen anty-klerikaal waarden kearde de katolike mearderheid him tsjin de Revolúsje. Oars as op in soad oare plakken bleau it yn Montpellier relatyf rêstich.

Faculté de Médecine.

Montpellier waard yn 'e 19e iuw gjin yndustrieel sintrum, de stêd bleau relatyf lyts. Wol bloeide de Faculté de Médecine en de stêd waard in wittenskiplike haadstêd fan Súd-Frankryk. Montpellier krige brede bûlevards, nije pleinen en represintative gebouwen en de Esplanade Charles-de-Gaulle waard it nije hert fan 'e stêd.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich lei Montpellier oant 1942 yn Vichy-Frankryk. Dêrnei folge de Dútske besetting en de deportaasje fan 'e joadske mienskip. De befrijing folge yn 1944. Nei de oarloch groeide de befolking eksplosyf. Tusken 1960 en 2000 gie it ynwennertal fjouwer kear oer de kop en Montpellier groeide út ta ien fan 'e grutste universiteitsstêden fan it lân.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Montpellier is in kultureel en histoarysk rike stêd mei midsiuwsk erfgoed, renêssânsegebouwen, universiteitsarsjitektuer en moderne arsjitektuer. It midsiuwske sintrum wurdt fanwegen de stedsfoarm ek wol "Écusson" neamd.

  • It sintrale plein is omklamme troch monumintale 19e-iuwske gebouwen.
  • Yn 'e Rue de la Loge en Rue Foch binne midsiuwske en renêssânse gevels te sjen.
  • It Place Jean Jaurès is in histoarysk plein mei renêssânse hûzen.
  • De Cathédrale Saint-Pierre is 14e-iuwsk en is bekend fanwegend de westlike tuorren en syn portaal.
  • De Église Sainte-Anne is bekend fanwegen de barokke keunstwurken.
  • De Église Sainte-Eulalie waard sletten yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje en is letter wer iepene en ienfâldich ynrjochte.
  • Yn 'e Église Saint-Roch wurde reliken bewarre fan 'e hillige Rochus, dy't yn Montpellier berne is.
  • It 14 km lange Aqueduc Saint-Clément waard yn 'e 18e iuw boud om wetter út de Lez nei Montpellier te ferfieren.
  • De Tour de la Babotte is in oerbliuwsel fan 'e midsiuwske stedsmuorren en fêstingwurken fan Montpellier.
  • It barokke Couvent des Insulines waard stifte yn 'e 17e iuw troch de oarder fan 'e Ursulinen. It kleaster wie belangryk foar it ûnderwiis fral foar famkes út de hegere lagen fan 'e befolking. Yn 'e Revolúsje waard it kleaster sletten en ûnteigene.
  • De sitadel fan Montpellier waard fuort nei it belis fan 1622 troch Loadewyk XIII oanlein. It is in goed bewarre militêr monumint.
  • Yn 'e jierren 1691–1693 waard neffens in ûntwerp fan François d'Orbay ta eare fan Loadewyk XIV de Arc de Triomph boud.

Montpellier hat in treinstasjon dêr't ek TGV-treinen op ride.

It iepenbier ferfier yn 'e stêd wurdt troch trams en bussen fersoarge. Sûnt 2023 is it lokaal iepenbier ferfier yn 'e stêd foar bewenners fergees. Net-bewenners moatte lykwols wol betelje.[2]

Montpellier hat in fleanfjild, it Aéroport Montpellier Méditerranée, dat yn 1938 iepene waard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: