Springe nei ynhâld

Ansgar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anskar)
Stânbyld fan Sint-Anskar yn Hamburch

De hillige Ansgar of Ansgarius (8 septimber 801 - Bremen, 3 febrewaris 865), de Apostel fan it Noarden, waard muonts yn it âlde Korby (Pikardje) en it nije Korby (Westfalen). Hy beselskippe de bekearde kening fan Denemark, Harald I, werom nei syn thúslân nei dy syn ferbaljen. Ansgar waard sindeling yn Denemark en Sweden en rjochte de earste tsjerke yn Sweden op yn 832. Hy waard abt fan de nije abdij fan Korby yn 834, biskop fan Hamburch en pauslik legaat fan Gregoarius IV foar Skandinaavje.

Ansgar rjochte de earste skoalle yn Denemark op, mar moast op flechtsje foar de heidenen. Ansgar wie ek aartsbiskop fan Bremen en bestried de slavernij. Hy bekearde Erik, de kening fan Jutlân, en wie bekend as preker en wûnderdwaner. In grut diel fan syn wurk waard nei syn dea teneate dien troch it heidendom. Syn opfolger Rembertus skreau letter de hagiografy Vita Ansgarii, dêr't Ansgar syn klerikale karriêre en syn misjewurk yn Skandinaavje yn beskreaun wurde.

Neffens de oerlevering waard Anskar troch paus Nikolaas I hillich ferklearre. Hy is de patroanhillige fan Denemark, fan Sweden, fan Skandinaavje en fan it bisdom Bremen.

Syn nammedei is op 3 febrewaris.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]