Makkabeeske Opstân
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Makkabeeske Opstân (Hebriuwsk: מרד החשמונאים) wie in Joadske opstân, fan 167 f.Kr. oant 160 f.Kr. dy't laat waard troch de Makkabeeërs, tsjin it Seleusidyske Ryk en de hellenistyske ynfloed op it Joadske libben.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens it apokrive boek 1 Makkabeeërs hiet kening Antiochus Iv Epifanus fan it Seleusidyske Ryk it ferbieden fan it útoefenjen fan it joadendom. Mattatias de Hasmoneeër, dy't in preester fan Modi'in wie, wegere de Grykske goaden te ferearjen. Doe waard der in hellenisearre Joad oansteld dy't it plak fan Mattatias by in ritueel oernimme moast. Mattatias fermoarde dy hellenisearre Joad lykwols allyk de Grykske offisier dy't stjoerd waard dat ritueel ôf te twingen. Mattatias en syn fiif soannen flechten dêrnei de wyldernis fan Judeä yn. Dat barren late ta de opstân. In jier letter, yn 166 f.Kr., ferstoar Mattatias, en syn soan Judas de Makkabeeër sammele in leger fan Joaden. Hja brûkten in soarte fan guerilla-taktyk om de Seleusiden te bestriden. Ynearsten wie harren striid derfoar ornearre om tsjin de hellenisearre Joaden te fjochtsjen, want der wiene lykwols in soad fan. De Makkabeeërs fernielden de Grykske alters, besniene de jonges en ferballen de hellenisearre Joaden. Judas syn bynamme, "de Makkabeeër" waard dêrnei foar de gânse groep rebellen brûkt, en komt fan it Hebriuwske wurd foar "hammer".
De opstân bestie út in stikmannich fjildslaggen, dêr't de Makkabeeërs ferneamd waarden om harren guerilla-taktyk en faasje, foar de grutte, mar stadige Seleusidyske leger oer. Nei de oerwinning lutsen de Makkabeeërs Jeruzalim yn en makken se de Timpel ritueel skjin. Hja stelden Jonatan Affus, Judas syn jongste broer, oan as hegepreester. In grut Seleusidysk leger waard nei Judeä ta stjoerd en slach de opstân del, mar kearden werom doe't kening Antiochus IV ferstoar. Judas hie njonkelytsen in ferdrach mei de Romeinske Republyk tekene, en hja waarden alliearden tsjin it ferswakke Seleusidyske Ryk. Lysias, dy't de taken fan Antiochus waarnaam, nei't dy ferstoarn wie, hie it drok mei binnenlânske Seleudyske saken en luts it ferbod op it útoefenjen fan it joadendom fan Antiochus wer yn.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nettsjinsteande de Makkabeeske oerwinning kamen alle fiif soannen fan Mattatias mei geweld om it libben: Judas en Eleazar sneuvelen yn de slach, Jonatan waard ferret en waard fermoarde troch de Seleusidyske generaal Diodotus Trifon, Simon waard yn Jericho troch syn skoansoan Ptolemeüs fermoarde, en Jehannes waard oppakt en fermoarde troch de soannen fan Jambri fan Medeba.
Nei de oerwinning fan de Makkabeeërs krige de dynasty fan de Hasmoneeërs de hearskippij oer Judeä. Hja wiene noch net dien mei de striderijen en oermasteren gebieten om Judeä hinne. De Joaden, dy't trou oan it hellenisme bleaune, waarden twongen om de Wet fan Mozes oan te nimmen. Hja fregen it Seleusidyske Ryk foar help, mar dy waard sterk ferswakke troch binnenlânske tsierderijen en oarloggen mei oare keninkriken, lykas mei it Ptolemeesk Egypte. Dat fermindere harren mooglikheid en oermasterje Judeä fannijs.
Yn ien gefal lykwols waard Jonatan Affus, in soan fan Mattatias, troch de Seleusidyske generaal Diodotus Trifon oertsjûge om 40.000 fan syn manlju dien te jaan en him te moetsjen by in "konferinsje". Dat bliek lykwols in leage te wêzen en Jonatan waard oppakt en letter fermoarde. Dat gie tsjin de ûnderhanneling yn dy't Jonatan syn broer Simon mei Trifon makke hie en lit Jonatan frij yn ruil foar hûndert talinten en Jonatan syn twa soannen as gizelders. Simon sels waard dêrnei fermoarde troch syn skoansoan Ptolemeüs, soan fan Abubus. Neitiids waard Simon syn tredde soan, Jehannes Hyrkanus, de Hasmoneeske kening en hegepreester fan Israel.
Neibeskôging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de apokrve boeken 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs wurdt de Makkabeeske Opstân omskreaun as in opstân tsjin de kulturele en religieuze ûnderdrukking troch in bûtenlânske macht. Hjoeddeistige skiedkundigen tinke lykwols dat de Seleusidyske kening yn in boargerkriich tusken tradisjonele Joaden fan it plattelân en hellenisearre Joaden yn Jeruzalim yngriep. It yngripen fan de Seleusiden wie dus gjin religieuze ûnderdrukking, mar earder in bestraffing fan de sosjale ûnrêst. De Timpel waard fannijs opboud op oantrúnjen fan hegepreester Menelaus, en dus net befrijd en fannijs ynwijd waard troch de Makkabeeërs.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Joadske hjeldei Chanûka fiert de nije ynwijing fan de Timpel nei de oerwinning fan Judas de Makkabeeër op de Seleusiden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Skiednis fan Israel
- Hasmoneeërs
- Oarloch yn Aazje
- Oarloch yn de 2e iuw f.Kr.
- Militêr treffen fan it Hasmoneeske Keninkryk
- Oarloch fan it Seleusidyske Ryk
- Militêr treffen yn 167 f.Kr.
- Militêr treffen yn 166 f.Kr.
- Militêr treffen yn 165 f.Kr.
- Militêr treffen yn 164 f.Kr.
- Militêr treffen yn 163 f.Kr.
- Militêr treffen yn 162 f.Kr.
- Militêr treffen yn 161 f.Kr.
- Militêr treffen yn 160 f.Kr.