Springe nei ynhâld

Gnosis

Ut Wikipedy

Gnosis is in kearnbegryp út it gnostisisme. It wurd komt fan it Grykske 'gnosis', dat kunde of ynsjoch betsjut. It skaaimerk foar gnostisy is wol dat sy net leauwe (yn godstsjinstige sin), mar harren ynderlik morele autoriteit boppe elts uterlik gesach stelle. Dizze ynderlike autoriteit komt fuort út gnosis: de kennis fan jin sels. It wurd gnosis is besibbe oan it Fryske wurd gewisse. Gnosis stiet as religieusk begrip tsjinoer leauwen. In spirituele streaming dy't rjochte is op gnosis sil it leauwen op gesach prinsipieel fersmite.